september 2022 21 Wy slute de TTeK-tocht ôf mei in gesellige neisit yn de Wjukken, mei muzyk fan “Related Stuff” út Top en Twel, rauwe blues, rock and roll oant akoestyske ballads. Jimme kinne yn it foar kaarten bestelle fia de mail, frisia1874@gmail.com of oer de tillefoan by Miranda van der Steen, op nûmer 058-2501575, op woansdeitejûns tusken sân en acht. De kaarten kinne dan ôfhelle wurde tusken 16.30 en 17.00 oere op ‘e dei sels yn’e tsjerke. De kaarten kostje foar net-leden € 15 / foar leden fan Frisia1874 € 5,-. Jimme kinne ús ek “like” op Facebook/ Frisia1874! It bestjoer fan Frisia1874 Giele rûte Griene Rûte 1. Ate de Jong: De heks van Limbricht, in boek fan Susan Smit, is in grouwélich en tagelyk geweldich ferhaal oer Entgen Luijten, in frou dy’t sels neitocht en dan binne je yn de santjinde iuw al gau in heks – fan feminisme hie noch nimmen heard. Ate de Jong lies it boek yn in dei en in nacht út en reizge de oare moarns nei Limbricht, in doarpke by Sittard. Hy woe witte hoe ‘t Limbricht mei dizze skiednis omgiet. Hy fertelt oer it boek en dy reis. 2. Divertimento: It orkest iepene de lêste TTeK-tocht yn 2019 mei de Simmer út ’e Quattro Stagioni fan Vivaldi. No spylje de strikers û.l.f. Anneke Volbeda muzyk fan Mozart, Geminiani en Purcell. 3. Toanielferiening Oerterp: Toanielferiening Oerterp spilet it stik “Lintsje” neffens in ferhaal fan Hylkje Goïnga, oer in skoal skjin makster dy’t besite krijt fan in wethâlder en in amtner oer swierrichheden mei potleaden. 1. Picture Poems: Tresoar en it Frysk Filmargyf hawwe, yn gearwurking mei de filmmakker Johan van Ooijen, tolve Fryske gedichten ynsprekke litten en dêrby filmbylden meitsje litten. 2. Due Cognati: De sweagers (= due cognati!) Johan Siemensma en Marcel Prins spylje op fioele en piano licht klassike romantyske wurkjes, wrâldmuzyk, mar ek foar Jiddyske en Sigeunerwizen draaie se har hân net om. 3. Fjoer: De toanielgroep Fjoer spilet in stikje út “Mutsen” fan Christa Warmerdam. Seis susters, seis ferskillende froulju. Elk mei harren eigen problemen en eigenaardichheden. Dochs geane se elk jier in wykein mei elkoar fuort. Net mei syn seizen, mar altyd mei syn fiven. Yn it ferline ha twa suskes mei elkoar brutsen. Dit jier komt de ferlerne suster ûnferwachts lâns. Dit liedt foar de ien ta in flinke botsing en foar de oaren ta komyske situaasjes.
22 Online Touch Home