3

september 2022 3 Fan ôfrúne febrewaris ôf (we wiene der betiid by) hiene wy it hearlike foarútsjoch om yn de simmerfakânsje nei Toscane, Itaalje, te gean. ‘Dan wit je seker dat je moai waar ha.’ No, dat ha we witten! En troch in oar lânskip en oare minsken binne we der echt efkes út. En ja ik wit it; om de bern is Fryslân ek genôch. Doe’t we neitochten oer de hinnereis kamen we der achter dat it dochs wol hiel fier riden wie (15 oeren sûnder files en stops). Sadwaande ha we dochs mar 2 oernachtings boekt yn de hoop dat de bern it nei 2 dagen yn de auto ek noch leuk fine. It wurd ‘hotel’ die har eagen yn elts gefal glunderjen. Nei 2 dagen yn de airco (thank god die dat ding it) kamen we dan úteinlik oan by de kemping yn it pittoreske Castagento Carducci. Ik stapte út de auto om yn te checken. Ppfff, wat in hitte. Logysk dat dy suderlingen tusken 12.00 en 16.00 oere op har gat lizze. Lokkichernôch wie der in ferkuoljend swimbad. De rest fan de fakânsje hat dat ús meast besochte plak en rêding west, want man o man wat in hitte. Sels yn it skaad bruts it swit my út. Koart sein ha we foar ús dwaan net folle ûndernaam. It wie gewoan te waarm om wat stedsjes te besjen. Folgjend jier wurdt it in fakansje op in pear oeren riden. Dan witte we seker dat it gjin 40 graden wurdt. En ja ik wit it: yn de Benelux en Mantgum wie it ek waarm. Sa waarm dat sels de dobbe (dat rûne gat achter de basisskoalle wat op de foarkant stiet fan dizze Mandeguod) foar it earst yn de 36 jier dat ik hjir wenje opdrûge is. En ik kin my ek net yntinke dat dizze natuerlike bron fóár myn bestean ek wolris drûch stien hat. In better foarbyld fan lokale klimaatferoaring is der net. Op nei de hjerst. Groet, Maaike Kuipers Prakkesaasjes fan de redaksje

4 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication