53

september 2022 53 wer ôf – dat wie al wenst wurden. Murk begriep it en sa gie de reis útein. De fyts op ‘e bus, Murk efter’t stjoer en op rûte: Weidum, Jorwert, Mantgum. Yn Mantgum steane de hearehuzen fan Jorwert ôf oan de rjochterkant, mei foar al dy huzen brechjes en brêgen. Murk hie fan Jappie Lab wol begrepen dat it by it gemeentehûs yn ‘e buert wêze moast, by it hûs dêr’t mei sierlike letters op in moaie lakte planke oan de gevel spikere stie: ‘Tinken is frij’. Mar kommende oer it spoar, Mantgum yn, wie Murk it hiele ferhaal kwyt – hoe siet it hast ek al wer: fóár it gemeentehûs of néí it gemeentehûs? Se rieden ‘Tinken is frij’ foarby, se rieden it gemeentehûs foarby, doe sei in man dy’t foar yn de bus siet: “Murk, Douwe moat der dochs út?” En Douwe – yntusken wekker wurden – “Ik moat der út!” De bus hold ho foar de grêft fan de Postma’s, Murk fluch de bus út en de fyts der ôf. Douwe Swierstra, noch alhiel ferstuivere, pakt de fyts oan en soe dwaan wat er ek altyd die as Jappie Lab him der út sette: dan stie er lyk foar it brechje oer en dan rûn er moai rjocht út oer it brechje nei syn hûs. Dizze kear wie it lykwols oars, mar Douwe waande him foar syn eigen brechje thús, en stapte rjochtút tusken de beammen troch yn ‘e moaie fiver fan de Postma’s – kopke ûnder. Murk, de ynfaller, wie gau beret en pakte mei de omstanners âlde Douwe yn syn nekfel en se hawwe him meielkoar thúsbrocht. Oft Murk, de ynfaller, nochris de rûte fan de fêste sjauffeur Jappie Lab krigen hat kin’k jimme net fertelle. Teake Oosterbos.

54 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication