september 2022 9 út de twadde Wrâldoarloch lâns, en eindigjend op Skillaerd. De propeller waard ferfierd op in Ben Hur trailer achter in 1944 Dodge WC62 oan. Oankommen op Skillaerd waard de propeller fakkundich mei in shovel fan Klaversma wer op syn fuotstik pleatst. In seremoanje mei it spyljen fan The Last Post, mei de Ingelske en de Nederlânske flaggen yn top en in speech fan Jarich foarme in passende ôfsluting fan dy middei by it Skillaerder hôf. Troch de jierren hinne hat Jarich ek kontakten opdien mei neibesteanden fan omkommen fleaners en hy set de resultaten fan syn ûndersiken op de media. Sadwaande wie der ek in spesjale gast by dit barren: de Ingelsman Neal Nightingale. Lys Scarse Der is noch folle mear ynformaasje oer hoe’t de propeller restaureard is en oer de reis fan Drylts nei Skillaerd – wolst dêr mear ynfo oer ha? Efkes in mailtsje nei mandeguod@gmail.com of in telefoantsje nei 058 250 14 79. De mail fan Neal Nightingale is in tige persoanlik ferhaal fan in man dy’t de skiednis fan syn âld-omke fertelt. Dy âld-omke wie Harold Stanley Howland, de piloat fan de Stirling. Eartiids waard dêr yn syn famylje eins net oer praat, mar stadichoan kaam hy mear te witten oer dizze âld-omke. Neal hat ek in kearmannich nei Skillaerd ta west, earst mei syn heit, letter ek mei syn frou en lytse dochterke, mar de lêste kear wie dochs in emosjoneel hichtepunt foar him: de propeller nei de restauraasje wer nei Skillaerd ta bringe. De ‘poppy wreath’ wer’t Neal oer fertelt is in krânse fan papaverkes – it herinnerings symboal yn Ingelân foar de soldaten dy’t omkommen binne yn oarlogen en wapene konflikten. Dizze mail printsje wy yn Neal syn eigen wurden – yn it Ingelsk. Wolst dêr graach in oersetting fan ha sadat it nofliker te lêzen is: efkes in mail nei mandeguod@gmail.com of in telefoantsje nei 058 250 14 79. Good morning So where do I start… My grandmother (who lived with us until she was 91) was married to Flight Sergeant Harold Stanley Howland’s brother. The war was never mentioned until one day I was watching a film about the RAF and my gran said that her brother in law was a pilot who was shot down in Holland during World War 2. →
10 Online Touch Home