Junior Rely-priis foar Tjitske Oerbeppe Pytsje hie it al yn de krante lêzen, en daliks begûn hja de famylje bylâns te beljen: hiene se wol lêzen dat Tjitske in priis wûn hie mei de Junior Rely? De earste priis mei har gedicht “In gedicht oer in tún” – oerbeppe koe mei rjocht en reden grutsk op Tjitske wêze! Tjitske van der Meer wist it sels al sûnt it begjin fan de simmerfakânsje, mar it bestjoer fan it Rely Jorritsma Fûns hat noch in moanne wachte oant ek de priiswinners fan de ‘grutte’ Rely bekend wiene: koene yn ien kear alle priiswinners fan de Junior Rely èn de Rely bekend makke wurde. Dizze priis wie foar Tjitske (ein septimber krekt 17 wurden) in hiel aardige opstekker – se is ommers al geregeld dwaande mei taal, skriuwen, lêzen en alles wat dêr mei anneks is. As 5de klasse VWO-er hat se dan ek net foar de eksakte kant keazen, mar foar Kultuer en Maatskippij. Dat hat har ynteresse. Ingelsk, Dútsk en Frysk hat se yn har pakket. Dat lêste fak wurdt fan hûs út posityf stimulearre: mem Renske jout Fryske les. It is foar Tjitske ek gjin straf om Frysk op skoalle te folgjen, ek al wurdt it faak op it achtste oere ynpland – in tiid dat in protte learlingen op hûs ta sette. It helpt ek dat se in hiele entûsjaste learaar foar Frysk hat: Gerrit Hoekstra út Winsum. It jout Tjitske ek de mooglikheid om in ekstra fak op skoalle te folgjen sûnder dat it in ferskriklik soad tiid kostet. Yn de tredde klasse wie se sels in foech ‘assistint’ foar de learaar Frysk, omdat der in protte learlingen yn dy groep sieten dy’t noch op in folle leger nivo sieten. ‘Mar ek dêr leare je fan,’ seit Tjitske, ‘want ast it oan in oar útlizze moatst, moatst goed neitinke oer hoe’t alles yn inoar stekt.’ Mandeguod 9
12 Online Touch Home