Doe’t Mandeguod in pear jier lyn in priis fan € 500 binnen sleepte yn it ramt fan ‘Fryske Doarpssjoernalistyk’, hat de redaksje besletten om dat jild te brûken om skriuwer/dichter Elmar Kuiper yn te hieren. Elmar hat foar basisskoallelearlingen in les oer dichtsjen fersoarge en yn de Wjukken hat hy dy jûns in workshop oer poëzij organisearre. It like Tjitske wol wat ta om nei dy workshop te gean, mar se woe net allinne, dat Renske en Tjitske binne der tegearre op ta set. “Ik wie fierwei de jongste – allegear 40+ers”, fertelt Tjitske, “mar dy 40+ers fûnen dat krekt moai, want as jongere sjochst oeral dochs wat oars tsjinoan.” Dy workshop hie de measten sa goed foldien, dat se Elmar frege ha om nóch in searje lessen oer dichtsjen en skriuwen te jaan. Dy lessen waarden doe om bar by de minsken thús holden. Net sûnder resultaat dus, want ien fan de oare dielnimmers wie Henk Nijp, dy’t dit jier ek mei in fers in priis wûn by de ‘grutte’ Rely! Tjitske hat lykwols mear mei gedichten as mei ferhalen. In ferhaal skriuwe is net samar klear, mar it dreechste is wol: hoe meitsje je in spannend ein? In gedicht skriuwe is hiel oars. Op skoalle learst dan wol hoe’st in gedicht opboust, mar Tjitske is net sa fan de teory – se dichtet mear op gefoel. Sûnt koart hat se filosofy as fak op skoalle, in fak dat dy der bewust fan makket datst sels oer dingen neitinke moatst, datst sels dingen útfûgelje moatst. Dat leit Tjitske wol wat. Elmar hie destiids al tsjin har sein: “Dyn gedichten binne suver wat filosofysk.” Tjitske beskôget dat as in komplimintsje. Straks dan har débút as dichter op papier: alle priiswinnende fersen en ferhalen fan de Junior Rely en fan de Rely wurde publisearre yn it spesjale Rely-nûmer fan it tydskrift ENSAFH. Op 1 oktober foar it earst te krijen op de feestlike Rely-priisútrikking! Oant dy dei ta is de tekst fan Tjitske’s fers ek noch geheim…. In net ûnaardige bykomstichheid is ek it prizejild dat Tjitske mei har fers wûn hat – dat stekt se nei alle gedachten yn autorydlessen. Oant no ta wie ynternet foar Tjitske in moai medium om ris wat de wide wrâld yn te stjoeren. Hja sit wol gauris op Instagram, faak binne dêr foto’s te finen mei in stikje tekst of in gedicht der by. Se hat no sels ek in account oanmakke, dan kin se ek ris wat kwyt. En dan fansels hoopje op in nustje ‘likes’! Boppedat hat Tjitske nòch in taal yn har marse dy’t de measte minsken hjir net prate: Hongaarsk. Yn 2010 hawwe de Van der Meers nammentlik acht moanne Mandeguod 11
14 Online Touch Home