yn Hongarije frijwilligerswurk dien foar in tehûs foar handikapte bern. Tjitske, Ymkje en Feije hawwe dêr doe op skoalle sitten, en dat Hongaarsk sit der noch goed yn. Soms sakket it wat wei, mar doe’t se fan ’t simmer wer in wykmannich yn Hongarije wiene, kaam it fuort wer nei boppen. Mem Renske helpt dan op de beukerskoalle, heit Jelle yn de waskerij, en Feije, Ymkje en Tjitske hawwe dêr ek genôch te dwaan. “Al wie it mar gewoan mei de bern út it weeshûs te rinnen,” fertelt Tjitske. “Dan jouwe dy bern sels oan dat se dat hartstikke moai fine en graach in ein mei har te rinnen wolle. Se fine it hearlik om wat oandacht te krijen – de meiwurkers fan it tehûs moatte faak bergen papierwurk trochwurkje, en spitigernôch komme de bern dan bytiden oan it krapperein.” ”Miskien”, mimeret Tjitske, “moat ik de kursusboeken foar it Hongaarsk dochs mar ris wer ynsjen. Want it soe skande wêze as ik it Hongaarsk net oanhâld.” Grut gelyk hat se dêr! En och, foar in boekewjirm as Tjitske is dat net sa’n drege put. Fan jongs ôf oan sit se al geregeld mei de noas yn de boeken. Dizze lêste fakânsje bygelyks binne der fjouwer boeken troch gongen. As se poëzij lêst is it lykwols heechút ien of twa gedichten op ien dei. In gedicht moatst dochs wat oer neitinke en ferwurkje – in gedicht is ommers in ‘ferhaal’ op himsels. As se boeken útsiket falt se gauris foar boeken oer de oarloch. Net foar de bluodderige kanten fan in oarloch, mar foar it persoanlike, se is ynteressearre yn hoe’t minsken har yn sa’n tiid steande hâlde. Koartlyn hie se noch in young adult boek oer in famke dy’t yn it leger siet. Dan giet it Tjitske net om dat leger, mar om de ûntwikkeling fan de personaazje fan sa’n famke. Detektives geane der ek wol yn by Tjitske, dan giet se foar de spanning. Punt is: hoe ha je noch tiid foar skriuwen en dichtsjen? Want Tjitske kin har tiid wol om: skoalle, freon, hurdfytse, efter de kassa sitte by de Poiesz, neam mar op. Hurdfytse? “Ja, sûnt koart, mei ús heit,” laket Tjitske. Sporte is net har hobby, mar och, fytse is wol leuk. Dan komst noch ris earne… Se docht it noch net sa lang, mar as se dan mei heit Jelle op de reesfyts stapt, dogge se ek reedlike rûntsjes. “As je láng fytse, merke je hielendal net dat je net sa fáák fytse”, wie Tjitske’s filosofyske konklúzje. En de takomst? Tjitske wit it noch net. Se moat har ynkoarten alfêst wat oriïntearje: hokker stúdzje past by har, wat foar kant sil se út, universiteit of HBO? Tjitske fielt mear foar de praktyske kant, mar och, se kin noch alle kanten út. Mar no earst op nei de feestlike priisútrikking fan de Junior Rely! Se hat der sin oan! Ast der ek by wêze wolst: sneontemiddei 1 oktober om 2 oere yn it Doarpshûs yn Weidum is de grutte happening! Lys Scarse Mandeguod 13
16 Online Touch Home