25

oan. Dat die fertúten want se rûnen yn in ruk troch nei de winst. Alteast dat like sa doe’t se mei 5-4 en 6-2 op matchpoint stienen. Mar de partij soe dochs kantelje. It waard fiif earsten gelyk en doe’t Aloys Freitag dêrnei twa ballen oer de boppe sloech, knapte it by de tsjinstanner. It ein kaam op 5-5 en 0-6 doe’t Michel van der Veen kearde foar de keats. Dyselde Michel van der Veen waard ek mei algemiene stimmen útroppen ta kening fan de 66ste Lytse PC. Janse Skaal en âlde krigers It wie spitich om te sjen dat de keatsers einliks hielendal ferjitten wienen om de koppen by inoar te stekken foar it útrikken fan de Janse Skaal. In skaal dy’t ea ynsteld is troch de keatsers om de meast trouwe besiker fan earste klas partijen te earen. Dochs namen Michiel Scheepvaart en Feike Broersma de ferantwurdlikheid op harren om út namme fan de keatsers Laas van Straten út te roppen ta supporter fan it jier. De Janse Skaal en in attinsje sil him noch besoarge wurde. Moai wie de oanwêzichheid fan Tonnie de Vries en Wop de Groot. Harren tredde maat Meindert Fritsma libbet net mear, mar hja wienen mei gollens yngean op de útnoeging om nei fyftich jier harren winst op de Lytse PC nochris oer te eidzjen. Soe der oer fyftich jier noch in Lytse PC wêze dêr’t de winners fan 2016 op ‘e nij yn it sintsje setten wurde? Theo Kuipers De 66e Lytse PC yn Mantgum Boppe f.l.n.r.: 1e priiswinners Aloys Freitag Makkum, kening Michel v.d. Veen Frjentsjer en Feiko Broersma Ljouwert, 3e priis Chris Wassenaar Minnertsgea, Arie den Breejen Arum en Jan Hospes Koudum, 2e priis Klaas Pier Folkertsma WONS, Michiel Scheepvaart Makkum en Kees van der Schoot Seisbierrum, op de foargrûn de Lytse PC winners fan 1966 Anton de Vries Winsum en Wop de Groot Bitgum. Foto Antje Kuipers Mandeguod 23

26 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication