35

DOMINYS, DWERSBONGELS EN OARE DOGENIETEN, Yn septimber is in boek útkommen fan Wiger Zylstra út Mantgum. It boek hat de intrigerende titel DOMINYS, DWERSBONGELS EN OARE DOGENIETEN, mei as ûndertitel “50 ferhalen oer nijsgjirrige Friezen foar nijsgjirrige Friezen”. Yn “Dominys, Dwersbongels en oare Dogenieten” skriuwt Wiger Zylstra oer skoalmasters, Frjentsjerter professoren en benammen dominys yn Fryslân dy’t net opwoechsen wienen tsjin de ferliedings fan jenever, jild en jonge froulju. Pommeranten yn doarp en stêd ferlearen sa harren oansjen en gesach, setten de leafde fan grutske âlden, frou en bern op it spul en seagen in ein kommen oan in faak sa skitterende karriêre. Foaral yn de earste jierren fan de Reformaasje, dus fan 1580 ôf, doe’t de predikanten noch net foar it útsykjen wienen, sieten der grutte dogenieten tusken de foargongers. Benammen dy drank makke in protte dominys ta dûbelhertige moraalridders, dy’t soms amper by steat wienen om de preekstoel op te kommen om it froede tsjerkefolk mei dûbele tonge fan duveldie en duveldei te fertellen. It boek is troch de Friese Pers Boekerij Noordboek útjûn yn in oplage fan 1250 eksimplaren en hat 255 siden. It is foar € 19,50 te keap yn de boekhannel, mar ek te bestellen mei it bestelstrookje út de adfertinsjes yn de Ljouwerter Krante of oer de tillefoan (058-3030912). Digitaal is fansels ek mooglik: www.noordboekwinkel.nl. Mandeguod 33

36 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication