De sjuery De sjuery bestiet dit jier út Ulke Brolsma (foarsitter), Jacobus Q. Smink en Tryntsje van der Steege. Junior Rely-priisfraach 2016 Neffens de sjuery fan de Junior Rely 2016 komme der dit jier trije fersen en ien ferhaal yn oanmerking foar in Junior Rely-priis. Priiswinners De Junior Rely-priiswinners binne dit jier yn de kategory poëzij: • In gedicht oer in tún, fan Tjitske van der Meer, Mantgum. Earste priis. • Grutte mem, fan Bo de Haan, Kollumersweach. Twadde priis. • Maitiid, fan Laura Mulder, Siegerswâld. Tredde priis. en yn de kategory proaza: • De wat nuvere tsjoendersfluit, fan Beitske Nieboer, Snits. Earste priis. De sjuery De sjuery bestiet út Erica Bergema, Thys Wadman en jeugdsjuerylid Anneke van der Werf. It totale bedrach oan prizejild dat ûnder de winners fan de Junior Rely ferparten wurdt is € 500,--. Priisútrikking Op sneon 1 oktober 2016 wurde de Rely Jorritsmaprizen én de prizen fan de Junior Rely útrikt. Publikaasje Al it winnende wurk fan de Rely Jorritsma Fûnspriisfraach én fan de Junior Rely ferskynt yn in spesjale Rely-útjefte fan it Frysk literêr tydskrift ‘ENSAFH’. Ek it sjueryferslach stiet yn dat nûmer. It Rely Jorritsma-nûmer is fanôf 1 oktober foar € 5,95 te keap by de boekwinkel. Bestelle kin ek troch in e-mail te stjoeren nei redaksje@ensafh.nl. It sjueryferslach wurdt nei de útrikking ek publisearre op de webside fan de gemeente, www.littenseradiel.nl. priiswinners Henk Nijp en Tjitske van der Meer Mandeguod 7
10 Online Touch Home