25

Skelte en Wytske iepenje it skoalgebou. Tidens fergaderingen dy’t folgje wurde de plannen hieltyd konkreter, der wurdt dúdlik dat der jild komme moat: hoe mear jild, hoe grutter de bouplannen wurde kinne. It plan wat der no leit soe ynhâlde dat de Kenianen de fundering en de muorren delsette en dat de delegaasje út Fryslân dan it dak der opsette kin en de oare gebouwen fan de binnenkant pimpe kinne. In budzjet fan sa’n 10.000 euro sil nedich wêze dizze plannen te realisearjen. En hoe fjirder op ‘e jûnen fan fergaderjen, hoe wylder de ideeën foar aksjes om harren doel te berikken. Betocht is dat alle aksjes mei in “K” begjinne sille, sa kaam ûnder oare Kantklosse, Klootschieten, Knippe, Kuierjen, Kwisse, Klúne, Keatse, Koeken, Krintepofkes, Knuffelje, Kaarten ensfh.op tafel. K’s foar Kenia dus, mei as doel Knaken foar Kenia yn te sammeljen, sadat se in Klaslokaal Klusse kinne yn Kenia. Jimme sille de kommende tiid dus gauris in K foar Kenia aksje lâns kommen sjen en we wolle Mantgum en omjouwing oproppe om mei te dwaan en ús (no ja, de bern yn Kenia fansels!) te stypjen yn ús aksjes. Hast sels in leuk idee? Alle kleine beetjes binne wolkom. Begjint it net mei in K? Dan fersinne we der wol in K by! Mandeguod 23

26 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication