Witte jim ..... dat??? Henk Nijp út Mantgum mei syn gedicht ‘Wy kinne…..’ de Rely Jorritsmapriis 2019 wûn hat? Hulde hjir foar fan de redaksje fan de Mandeguod. Berjocht út de Ljouwerter krante. Witte jim….dat? het MFC Wjukken in oktober a.s. 20 jaar bestaat! Graag willen wij hier aandacht aan besteden en dat doen wij op vrijdag 18 oktober overdag en zaterdagavond 19 oktober a.s. middels een gevarieerd programma van en voor Mantgumers. Freerk Smidt, bestuurslid MFC Wjukken Witte jim …..dat? ek it NRC Hannelsblêd fan 8 augustus oandacht jûn hat oan in tal tsjerken dy’t as de moaiste fan Nederlân beskôge wurde? Fansels is dit rychje net alhiel objektyf ta stân kommen, want wat de ien moai fynt kin by in oar hiel oars oankomme. Mar hawar, Mantgum stiet dan dochs moai yn it rychje tsjerken werfan it ynterieur oanmurken wurdt as ien fan de 100 moaiste en orizjineelste. Om grutsk op te bliuwen. Net dat der yn it Hannelsblêd no oandacht jûn is oan de tsjerke fan Mantgum sels, mar mear as in foarbyld fan de ferbining dy’t tsjerken foarmje yn stêd en doarp. Yn dit gefal wurdt dit ferteld troch kultuerminister Ingrid fan Engelshoven. Witte jim….dat? jo ek dit jier net de doar út hoege foar in krystbeam? Omdat WWC troch it grutte súkses fan ferline jier ek no wer paraat stiet mei de moaiste Nordmannen? Jo kinne se alfêst bestelle op www.kv-wwc.nl of mei it bestelformulier út de folgjende Mandeguod. Mandeguod 35
38 Online Touch Home