44

Nijs fan Keatsferiening Jacob Klaver De sterke earm fan de Zeinstra’s en Monfils De Jong Fammepartij fan 2019 is wûn troch it partoer fan Grins mei Hiske Zeinstra, Marrit Zeinstra en Anne Monfils. It is foar de twadde kear op rige dat de haadpriis nei Grins giet. Under simmerske omstannichheden mei temperatueren boppe de 30 graden waard it sulver behelle troch Wommels en it brûns wie foar it partoer fan Marsum. Earste omloop In moaie list mei 18 partoer en noch moaier waar wie in foarboade foar in moaie dei. It tropyske waar hie der wierskynlik foar soarge dat it measte publyk harren fertier socht yn aktiviteiten dy’t wat better by dizze temperatueren passe, want der wie net in hiel soad publyk. Mar de minsken dy’t der wol wienen ha bytiden moai keatsen sjoen fan de junioaren famkes. Yn de earste omloop net in soad ferrassingen en de spannendste partij waard keatst tusken Seisbierrum/Pitersbierrum en Makkum, dêr waar it fiif earsten gelyk en wienen it de froulju fan Makkum dy’t úteinlik oan it koartste ein lutsen. Alle útslaggen earste omloop: Easterein – Marsum Grou – Ie Grins – Dronryp2 Mantgum – Minnertsgea Seisbierrum Pitersbierrum – Makkum Berltsum – Ried Frjentsjer – Goaiïngea Wommels – Reduzum Wytmarsum – Dronryp 1 Twadde omloop De meast ynteresante wedstryd yn de twadde omloop wie dy tusken Grins en Mantgum. De pleatslike favoriten fan Mantgum dy’t yn deselde gearstalling in wike earder it sulver op it NK binnenhelle hienen, troffen yn de twadde omloop it partoer fan Grins. De Mantgumers koenen goed meikomme en kamen sels op in 4-3 foarsprong. Mar fan dat momint ôf kamen de Grinzers op stoom. Nei twa skjinne buordsjes en in buordsje 6-2 42 Mandeguod 4-5 6-6 1-5 6-6 5-1 6-2 5-1 6-6 5-5 6-0 5-3 6-0 5-4 6-4 5-0 6-0 3-5 0-6

45 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication