47

Finale Nei it folksliet songen troch Doete Stenekes wie it tiid foar de start fan de finale. Op papier twa tsjinstanners dy’t oan elkoar weage wienen. De Wommelsers mei de sterke froulju Martsen Deinum en Sjanet Wijnia, de farske hâlders fan de nasjonale titel, koenen by winst op de Jong Fammepartij yn zeven dagen tiid in heale wimpel fertsjinje, mar dan moast Grins noch wol efkes op side setten wurde. En dat wie gjin maklike opjefte. Foaral Marrit Zeinstra en Anne Monfils dienen juster de namme fan harren keatsferiening yn Grins, de sterke earm, wol gauris ear oan mei machtige boppeslaggen en krêftige opslaggen. Wat in power en enerzjy lieten sy juster sjen en dêr koe it partoer fan Wommels net tsjinop bokse. Hielendal net mear doe’t Martsen Deinum mei in blessuere allinnich noch mar fierder koe as balkearder. Rixt Wijnia moast har taken oernimme en die dat foartreflik, mar de Grinzer sterke earmen wienen net te bekeatsen. Op 5-1 en 6-4 foel de lêste slach en wie it Grins dat de sjampanjeflesse iepenje mocht. In terjochte winner op tige hite dei. As ôfsluter wol ik noch efkes oandacht besteegje oan Manon Scheepstra. De Jong Fammepartij hat yn har in beskermfrou fûn dy’t har wurk tige serieus nimt en sa njonkenlytsen in úthingboerd foar de partij wurden is. Yn ferskillende funskjes lit se har fan har bêste kant sjen. Juster hie se foaral soargen oer de blokjerinners. Manon siet der oer yn oft se wol genôch wetter binnen krije soenen en sette in kompetysje op. Alle kearen as de rinners in glês wetter leechdronken mochten se in streekje sette. Dyjinge mei de measte streekjes oan de ein fan de dei soe dan in iisko krije. It waard tige serieus nommen troch de rinners en nei in wiere priisútrikking die bliken dat eins alle blokjerinners wol in iisko fertsjinne hienen. Allegear hartstikke bliid fansels en Manon har doel wie slagge; de blokjerinners krigen genôch wetter binnen. Skelte Anema (d.d. 30 juny 2019) Mandeguod 45

48 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication