49

DIPLOMA KEATSEN Op 8 july 2019 wie wer it jierlikse diplomakeatsen. De welpen, pupillen en skoaljeugd koenen harren opjaan om mei te dwaan. De skoaljeugd hat by alle ûnderdielen de scores byhâlden en sa goed mooglik begelieden. 28 bern diene mei. Der wiene ferskillende ûnderdielen dêr’t de bern yn lytse groepkes by del moasten. Under oare opslaan, trefsekerheid, útslachôfstân en tuskenspul. By elk ûnderdiel koene de bern punten score en dat oantal punten resultearre yn in moai diploma. In A, B, C of D. Dit jier net in offisjeel knkb keatsdiploma mar in echt Jacob Klaver keatsdiploma! Troch sa’n diploma kinne de bern elk jier sjen oft se ek foarút gongen binne. Takomme jier mar wer goed traine en besykje om wer sa’n moai diploma te heljen! Mandeguod 47

50 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication