14 Mandeguod Jan Dirk de Groot kening fan Mantgum 25 jier nei’t syn grutte broer Sjirk Gjalt de keningspriis yn Mantgum ophelle, wie it no Jan Dirk de Groot dy’t kening waard en tegearre mei syn maten Elgar Boersma en Pier Piersma waarden sy de winners fan de 72e edysje fan de Lytse PC. Mei 20 pertoer op ‘e list wie it dit jier in Lytse PC dy’t de muoite wurdich wie. Dat wienen 12 mear as it jier dêrfoar en dat is ek wat alle frijwilligers fan keatsferiening “Jacob Klaver” fertsjinje. Nei alle enerzjy dy’t sy der ynstekke, is it moai dat der ek genôch animo foar de partij is. It waar wie prachtich en yn de earste omloop wie de spannendste partij dy tusken it pertoer fan André van Dellen en Rutmer van der Meer. Lêstneamde keatste mei syn soan Verry en JanTymen Eisma dy’t dit jier noch ynfoel foar Erwin Zijlstra op de ‘grutte’ PC. Yn dy partij waard it 44 en 66 en op
15 Online Touch Home