3

oktober 2022 3 It stikje dat Teake oanlevere foar dizze Mandeguod rekke my. It is oan de iene kant in komysk ferhaal, oan de oare kant in tige tryst ferhaal – en ast de lêste rigele lêst slacht de kjeld dy om it hert. En hoe aktueel is it ferhaal: op dit stuit sitte we eins yn deselde situaasje: it is oarloch yn Europa, de enerzjy is djoer, de ynflaasje is heech, en in protte minsken rêde it hoe langer hoe minder. Hoe knoopje je de eintsjes oan inoar as it al net sa rom sopket? Sommigen tuge al in houtkacheltsje oan – mar ja, hout stoke is al like miljeu-ûnfreonlik as gas ferstoke. Mar je moatte dochs wàt! En ast dan de bylden sjochst fan bygelyks Marioepol yn Oekraïne, fregest dy ôf hoe’t dy minsken it oprêde sûnder wetter, elektrisiteit en gas mei de winter foar de doar. It griist je oan. En dochs: ast dyn enerzjyrekken net mear betelje kinst, wat dan? Hooplik hast dan minsken om dy hinne dy’t help jouwe, sadatst wer fierder kinst en net letterlik yn de kjeld sitten bliuwst. Hooplik skuorre we inoar meielkoar troch dizze minne tiden en komme der straks wer bettere tiden oan. No wol ik jim net benaud prate, want der binne fansels ek noch genôch moaie dingen yn dizze wrâld en ek yn Mantgum sels. Ien fan dy aardige dingen is bygelyks it Tusken Tsjerke en Kroechevenemint dat dit jier wer opstart is. Op dy dei (8 oktober) stelle ferskate Mantgumers harren wenkeamer, garaazje, skuorre, bûthús, skiphús, kelder of wat foar plak ek, beskikber foar dit evenemint. Dan komst der achter dat der yn dyn eigen doarp plakken binne dêr’st noch nea west hast, mar wat is der moaier as yn dyn eigen doarp op ûntdekkingsreis te gean! Dat meiinoar genietsjen fan de foarstellings en it meiinoar iten yn de Wjukken: dàt makket dy al waarm om it hert! Groet, Lys Scarse. Prakkesaasjes fan de redaksje

4 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication