oktober 2022 55 Update Plan Boppeslach en oprop frijwilligers/oproep vrijwilligers Doe’t we nei de simmerfakânsje Mantgum yn rieden wie it earste wat de bern seine: “Wow, by Boppeslach is it al echt grien, kinne we der hinne!” Jûns ha we de fyts pakt en in earste rûntsje oer it plan makke. Wat seach it der al oars út as tidens ús “safari” yn juny. Mar dat wie fansels net samar klear. Yn de waarmste tiid fan it jier is it gers ynsiedde en om it ta groeien te krijen hat Jan Reitsma in ware “sproeivierdaagse” hâlden. Mei linten wie de boel ôfset en sa hat it gers dochs moai groeie kind. Undertusken hat Jan it gers ek al in kear meand, in gigantyske klus fan fjouwer oeren dy’t de gemeente no oernimt. It nije kuierpaad is ek al folop yn gebrûk, in soad minsken meitsje it “rûntsje om”. Yn septimber binne de kabelbaan en it klimnet pleatst, sadat no ek it boartsjen op Plan Boppeslach echt los is! De “uitkijktoren” folget sa as it no liket yn desimber. Ek by de Wjukken hat boubedriuw Klaversma al oan it wurk west en binne de grutte skodoarren pleatst. De bestrating sil hjirnei oanpakt wurde. Mar is it plan dan no klear? Nee, fansels net! No is it tiid om mei ús allen de mouwen op te strûpen! Want alle beammen út it Ljouwerter “Bosk” dy’t no sa prachtich op it plein foar de Wjukken stean, moatte in plakje krije op it baggerdepot. De ôfrûne wiken is der goed op de beammen past, sa ha frijwilligers se alle wiken 150 liter wetter jûn. Mar no moatte se de grûn yn en dêr ha we jim by nedich! Op sneon 12 en sneon 19 november binne ús “Mantgumer boomplant dagen”. Dan komme de beammen en ek allerhanne strûken en planten yn de grûn. Hjirby hat hoveniersbedriuw Snoek Puur Groen de lieding, mar hjir hawwe we foaral ek in hiel soad frijwilligers by nedich! →
56 Online Touch Home