62

62 Mandeguod Teake op ‘e praatstoel oer ferfleine tiden Houten stroompeallen Fan’t simmer lies ik yn ‘e Ljouwerter krante in stikje oer de lêst oerbleaune stroompeallen. Dêr steane der net sa folle mear fan en dy’t der noch steane, sitte tsjin it omfallen oan. Der steane sels guon op ‘e monumintelist. Alles wat we tsjintwurdich oan elektrysk yn ‘e huzen krije leit 70 sm djip yn ‘e grûn. Dat artikel brocht my fier werom yn ‘e tiid: de oarloch fan ’40­’45. Minne tiden, foaral yn de winter fan ’42­’43: dikke froast. De kachel yn ‘e keamer moast oan, oars fernikkelen de húsgenoaten en ek de jirpels moasten sean wurde – prebearje dat mar ris mei in lege kachel. Durk, myn heit, tocht: “Dit moat oars! Dy stroompeallen moatte stean bliuwe, mar dy A­peallen kin ik der wol tusken út seagje, dêr hat net in minske lêst fan.” Ut Mantgum wei op nei de Hegedyk stiene wol 50 stroompeallen en wol 10 fan dy A­peallen. “Dêr kinne wol in stik of wat by wei seage wurde,” sa tocht er, “en net in mins dy’t dy A­peal mist. Dan ha’k wer hout foar de kachel. It sil wol wat stjonke, want se sitte fol mei kreosoat­oalje. Mar se jouwe wol waarmte.” Op in tsjustere nacht soe it barre. Durk op ‘e fyts mei in houten ljedderke en in skerpe hânseage op nei de Hegedyk. By in knik yn ‘e dyk, op nei de pleats fan Pier en Houk (tsjintwurdich Lieuwe en Trees) stiene twa A­peallen. It wie 1 oere yn ‘e tsjustere nacht, roetkâld en net in mins op ‘e dyk. It ljedderke tsjin de rjochte peal oan en dan de dwarsbalke losseagje fan de rjochte peal. Dan wat heger op it ljedderke de skeve peal boppe­yn noch losseagje en dan dy as lêste by de grûn om ôfseagje. Dat lêste gie maklik want ûnder by de grûn wied er al net sa geef mear. Sa, dat wie slagge, mar doe siet de seage fêst yn de seachsneed. Ferdoarje, dy seage moat der út, dat hy joech der mei syn klomp in fikse raam tsjin oan. It kreake wat en Durk stapte tebek, want alles begong te bewegen en it kreake dat it jin oangriisde! Wat in lawaai: alle peallen oan wjerskanten fan de A­peal en ek it rjochte part fan de A­peal knikten om. Durk koe alles krekt ûntwike en doe waard it stil. Hy seach om him hinne en safier as er yn ‘e nacht sjen koe leine alle peallen om. Hy waard benaud – aanst treffe se my hjirre en sjitte se my dea, dy Dútsers. De seage, it ljedderke, de fyts – as de bliksem nei hûs! Dat hastich fytste er Mantgum wer yn, as de wjerljocht de ljedder en de seage

63 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication