27

De 67ste Lytse PC Op de list fan de 66ste Lytse PC stiene mar 12 partoeren. It bestjoer wie it der oer iens, der moast wat barre, dit koe sa net langer. Der waard in kommisje yn it libben roppen, dy’t as opdracht krige te ûndersykjen op hokfoar wize we mear keatsers op de list krije koene. Dat levere in soad ideeën op en der kaam in petear mei de direkteur en in haadbestjoerslid fan it Bûn. Omdat de Lytse PC hieltyd tichterby kaam, hat it bestjoer besletten noch gjin fiergeande feroarings ta te passen. Der waard oerienkommen om it nei 66 kear op de sneon, mar ris op de snein te besykjen. Dan soene we minder konkurrinsje fan de begjinnende fuotbalkompetysje hawwe. Fan ’t winter sil der besjoen wurde hoe fierder. Op de slutingsdei foar opjefte, de moandeis foar de wedstriid, die bliken dat der 19 partoeren op de list stiene, wêrfan twa út eigen doarp. Dat wie in moaie opstekker! De waarberjochten foar dizze wike binne min, om net te sizzen striemin. Kin der keatst wurde, is it fjild kommende snein net te wiet? Alle dagen falle der buien mei as djiptepunt de freed wannear’t der 500.000 liter (= 50 mm) reinwetter op it sportfjild delkomt. De hiele wike wurdt it fjild yn de gaten holden. Der wurdt meand, rôle, ensfh. De sneon is it hast de hiele dei drûch, de sinne lit him gauris sjen en der stiet wat wyn! In klupke wize mannen nimt in beslút “it giet troch, we nimme de gok”. Der wurdt in wedstrydfjild útset op it drûchste part fan it fjild neidat der earst in sitmeaner fan hûs helle is om it fjild nochris te meanen. Sneintemoarn om 8.30 oere binne de earste minsken op it fjild om de lêste tarieding te dwaan. Frijwilligers komme yn de Wjukken om kofje te setten. Om 10 oere geane we mei it sintsje derby los. It wurdt in prachtige keatsdei, hast de hiele dei drûch, it fjild hâldt him bêst, moaie winners en in gesellige neisit mei muzikant Sytse Haima. In tige slagge dei, mooglik makke muzikant Sytse Haima Mandeguod 25

28 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication