60

Mei de nije iepenbiere legere skoalle, kaam – ek wer yn opdracht fan de tsjerke boud - it nije skoalmastershûs, yn 1874. Foar de skoalmaster, dy’t tagelyk ek koster en organist wie. Yn it begjin fan de 20ste iuw hat de tsjerke foar it doarp wol it sterkste stik úthelle. It gemeentehûs, dat oan útwreiding en fernijing ta wie, stie yn Weidum. No woe de tsjerke wol jild jaan en fergees in bouterrein, mar dan moast it gemeentehûs wòl yn Mantgum komme te stean. It hat de rie moai talike om op dit oanbod yn te gean, al hoe’n argewaasje de ynwenners fan Weidum ek hiene. It kin fansels ek wêze dat it feit dat Mantgum moai yn’e midden fan de gemeente lei en ek noch oan it spoar, mei de trochslach joech. Ek as der in húshâlding wie dy’t de eintsjes net byinoar krije koe, holp de tsjerke. De Mantgumers kenden dus eins gjin earmoed. En sa kaam it dat hoe langer hoe mear rintenierjende boeren harren lúksueuze stee yn Mantgum bouden, it doarp fan ‘molke en huning’ (Kanaän) en de skelnamme waard dan ek: de Kajeniten. Werom’t Mantgum sa’n oantrekkingskrêft hie op de minsken om harren krekt dêr nei wenjen te setten? Miskien omdat men wist dat it in bloeiend doarp wie, en wer’t it goed giet, wolle mear minsken harren graach ta wenjen sette. Miskien wie it it spoar ek wol. Want wier, eartiids hie men it snikskip dat freeds nei Ljouwert en tiisdeis nei Snits fear, en alle tongersdeitejûns waard der bûter en tsiis nei it Fearhûs fearn, útladen en ferhannele, mar dat koe fansels net op tsjin it spoar dat yn it midden fan de 19e iuw oanlein waard tusken Ljouwert en Snits. Wis, der leine mear doarpkes oan dy spoarlijn, mar Mantgum lei wol hiel gaadlik ticht by it stasjon. 58 Mandeguod

61 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication