63

hiene meastal net in bysûndere oplieding folge, hja waarden wiis troch de praktyk. Soms gongen hja nei de spesjale tekenskoalle yn Ljouwert of folgen hja winterkursussen by arsjitekten yn de stêd, dy’t sels ek troch de ûnderfining wiis wurden wiene. Boutekeningen hoechden noch net by it gemeentebestjoer ynlevere te wurden, en de timmerman trêde de fundearring faak gewoan mei syn klompkes út. Yn in protte doarpen en stêden steane dan ek fan ditsoarte huzen, allinne Mantgum spant de kroan mei it moaiste gehiel fan dizze notabele wenten. En sa waard Mantgum stadichoan grutter, omt der hieltyd mear fan sokke lúkse boargerwenten boud waarden. It wite hûs (nr. 2, tusken it skoalmastershûs en it boargemastershûs yn) wie al foar 1870 set. It waard kocht en ferboud troch dokter Fokke, foar syn soan. Dokter Fokke wie in wûnderdokter, hjir op’e klaai in net faak foarkommend fenomeen; wûnderdokters en spoekferhalen is mear wat foar de Wâlden, en neat foar de kâlde klaai. Dizze dokter Fokke hie in soan, Jan, dy’t dôf-stom wie, en yn dy tiid wie der foar sokken gjin inkele ûnderwiismooglikheid. Mar Jan hie in fleurich aard en hy wie net fan stien. Syn âlden makken harren der soargen oer oft hy it nei harren ferstjerren wol rêde soe, om it jild sà te brûken dat hy him oan ’e ein fan syn libben ta rêde koe. En om net yn ferkearde hannen te fallen, ornearren syn âldelju dat hy mar net trouwe moast. Om de mûs net op it spek te binen socht syn mem altyd de alderûnsjochste út fan de froulju dy’t har as tsjinstfaam oanbeanen. Dit allegear ta heil fan Jan (en it jild). Hoe dan ek, se hawwe net ûnsjoch genôch west, want Jan is mei ien fan harren troud. Minder gelokkich kaam it mei de bouwers fan ús hûs (nr 11): it waard set troch Antsje Palsma, de widdo fan boer Tsjerk van der Hem, de boer fan de grutte pleats achter ús. Hja wie op ’e nij troud mei de grutfeint, Tsjerk Roorda. Oarspronklik wie ús hûs in pleatske: in foarhûs mei in skuorre der achter. Mandeguod 61

64 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication