65

En mei in arbeider foar de stik as 6 kij soene hja rêstich rintenierje. It pakte oars út: de jongelju op de pleats krigen TB, hja binne noch wer omruile fan hûs, mar de jongelju binne stoarn. Harren lytse jonkje, Sybren van der Hem, is doe by syn beppe en (styf)pake grutbrocht. En prate ik sakrekt oer de symmetryske opset fan de foargevels: ús hûs liket oan beide kanten fan de foardoar presys gelyk. Dat doe’t ús Heit en Mem yn 1945 yn ús hûs kamen te wenjen, meat pake Durk foar ús Mem ien fan de ruten op, om kreaze roedsjes foar de gerdinen te meitsjen, en hy makke moai 6 gelikense roedsjes. Mar doe’t dy oan de keamerskant ophongen wurde soene, die bliken dat se krèkt in slach te koart wiene: de westkant fan it hûs is gewoan in slachje breder as de eastkant! De minsken fan nûmer 13 hiene in pear dochters dy’t noch oan de man moasten. It bouwen fan in foarnaam hûs hat holpen: de dochters binne goed oan de man rekke, mar de âldelju moasten doe wòl alle dûbeltsjes omkeare. It boargermastershûs dêrtsjinoer hat sûnt 1929 jierrenlang de amtswenning fan de Baarderadielster boargemasters west. Mar oarspronklik wie it boud troch boer Jetze Petrus Kalma, dy’t troud wie mei in dochter fan de earder neamde dokter Fokke. Dat it troch in boer set waard, ferklearret it feit dat der eartiids ek noch in bûthûs achter stie: men moast wol wat om hannen ha fansels. De dakpannen oan de foarkant binne de djoere blau glazuerde Lucas IJsbrandpannen, de oare dakskilden hawwe de golfde Fryske dakpannen. De beide einichste huzen (nr. 8 en nr. 15) binne it lêst boud, en ek fierwei it grutst. Want ek doe al boude elk krèkt wat grutter as buorman. Mandeguod 63

66 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication