67

Nûmer 8, dêr’t froeger de feedokter altyd wenne, en letter dominee Brink, wie ek tige grut opset, mei oan de linkerkant fan de foardoar in wenkeamer, mei dêrachter in boudoir foar de dames en in rookkeamer foar de hearen. Rjochts fan de gong is de salon, mei dêrachter de romten foar it personiel. Dit is ek ien fan de iennige huzen dêr’t de fersierings oan de sydgevels krekt sa ryk binne as oan de foargevel. De bouwer, rintenierjend boer Palsma, hie, doe’t it hûs klear wie, sa’n soad skulden, dat hy der hielendal gek fan waard. Syn frou doarst net mear by him te sliepen, dat alle nachten kaam der in mantsje út de buorren om op him te passen. En it grutte stek dat mei rinkeljende kettings fêst siet en de grêft dy’t doedestiids om it hûs hinne rûn, soargen der foar dat hy net fan it hiem ôf komme koe.... It hûs dêr’t Tsjerkje Postma en Jan Willem Verhoef no wenje is boud troch boer Kornelis Ritskes Velstra. Hy wenne op de grutte kop-halsromp oan de Hegedyk. Kornelis Velstra waard fan boer boargemaster, en soks jout status. Dat hie syn frou ek wol troch en doe’t hja krekt boargemasterske wurden wie, noege hja de oare froulju op ’e tee, en fernijde harren mei de meidieling dat hja, no’t hja boargemasMandeguod 65

68 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication