69

tersfrou wie, tenei net mear ‘Antsje’ neamd wurde woe, mar ‘mefrou’. “Bêst, Antsje, hear,” sei ús beppe Hiltsje daliks, “goed dat jo it sizze, Antsje, want oars, Antsje, hie ik dêr noait oer prakkeseard, Antsje, dat jo dat graach sa ha wolle, Antsje.” De oare froulju hiene doe fuort wol troch dat beppe Hiltsje dàt dus net fan doel wie! Antje Jans Bosma Kornelis Ritskes Velstra It is dus ek altyd ‘Antsje’ of heechút ‘frou Velstra’ bleaun… By de measte huzen sit der foar de oarspronklike bouwers úteinlik faak in tryste kant oan it hûs. – Foar in part tafal, foar in part needlot, foar in part it feit dat men it breed hingje litte woe, mar dat de finânsjes it net lûke koenen. En it liket wol oft de skiednis him herhellet: op dit stuit wurde de monumintale huzen, de neo-klassisistyske huzen, of hoe’t je se ek mar neame wolle, wer foar kapitalen ferkocht. Dizze huzen hawwe status, miene sommigen. Mar wy wènje hjir gewoan...... Lys Scarse-de Jong Mandeguod 67

70 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication