21

Hege brechjes It is al ferskate desennia lyn dat de fearten yn de Mantgumer nijbou groeven binne, en it is ek al wer hast krekt sa lang lyn dat der houten brechjes oer dyselde fearten oanlein binne. Hege brechjes ja, foar alle minsken dy’t harren boat ticht by hûs lizzen ha, foar Sinteklaas dy’t op 5 desimber mei it skûtsje oankomt, foar de reedriders dy’t winterdeis net op ‘e knibbels hoege, mar rjochtop op redens ûnder dyselde brechjes lâns ride kinne. De kearside fan de medalje is dat de hichte fan dy brechjes soms foar ûngemak soarget. De redaksje krige in pear foto’s taspile fan de somtiden gefaarlike kanten fan de hege brechjes. In mefrou hie besocht om mei har trijetsjiller-fyts oer it brechje by Hoxwier te fytsen. Dat gong mis – hja is lokkigerwize gau troch omstanners holpen en mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. Der wie blykber ek al ris in oare mefrou by jûntiid op ien fan de oare brechjes útgliden, mei in pols yn it gips as gefolch. Blykber binne de ‘op- en ôfritten’ fan de brechjes soms ek wat ûneffen – mei oare wurden: je moatte foarsichtich wêze by de brechjes. It is fansels wol sa: een gewaarschuwd mens telt voor twee… Wy ha sa no en dan langeôfstâns-fytsers oer de flier, mar as we se útwiuwe wiis ik harren op it hege brechje by Hoxwier: mei sa’n swiere bepakking is it net altyd like gaadlik om sa’n brechje oer te gean. Efkes in oare rûte is soms ferstanniger… Lys Scarse foto’s Robert van den Bergh Mandeguod 19

22 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication