25

De stasjonsferljochting. Woansdei 12 septimber kaam Mantgum efkes op alle lanlike media yn it nijs: de stasjonsferljochting waard dimd. It hie allegear in lange oanloop en it is ek al wer in pear jier lyn: Nynke-Rixt Jukema hie nei kontakten mei ‘hegere regionen’ dy’t gjin súkses hiene, mei inkele freonen de ljochten op it Mantgumer stasjon losskroefd. De stasjonsferljochting ferljochte nammentlik net allinne it stasjon, ek in grut part fan it lânskip dêr om hinne wie in see fan ljocht. Ljochtfersmoarging, net ideaal foar minsken, bisten en fûgels. Nynke-Rixt hat de lêste jierren al faker mei har krewearjen foar in ‘tsjustere nacht’ foar it fuotljocht west, mar yn dit gefal wie hja ticht by hûs begûn. Dy woansdeitejûn wie dan einliks de grutte happening, de lanlike primeur, mei alle toplju fan ProRail en Arriva, mei Arno Brok en Geert Mak. It spile him ôf op it stasjon en yn ‘Lyts Kanaän’. Geert Mak wie ien fan de sprekkers dy jûn en yn syn tige nijsgjirrige speech beskreaun hy hoe’t foarútgong ek delgong betsjutte kin. Wie de wrâld destiids nachts echt neare nacht en de stilte echt sûnder lawaai, stadichoan naam de moderne tiid it tsjuster en de stilte oer. Der kaam ferljochting, earst foarsichtich mei kearsljocht, letter mei elektrysk ljocht. Ferienings hoegden winters net mear allinne mar by folle moanne te fergaderjen: mei de moderne strjitferljochting rûnen de minsken ommers net langer de kâns om op ‘e weromreis by tsjuster yn de sleat te bedarjen. In oare revolusjonêre útfining wie de trein. Baanbrekkend! In reis dy’t eartiids dagen duorre koe no yn inkele oeren ôflein wurde. Net allinne dat: mei de trein kaam ek de lanlike ienheid fan tiid. Hiene ferskate stêden troch hiel Nederlân harren eigen tiid, dy’t bytiden wol 20 minuten ferskilde mei de tiid fan in oare stêd, de spoarwegen yntrodusearren foar it earst deselde tiid op alle stasjons: spoartiid! It Mantgumer stasjon sil by de iepening yn 1883 wol in beskieden ferljochting hân ha, mar de lêste desennia wie it in see fan ljocht, om de wurden fan Geert Mak te sitearjen: “een stompzinnige rij van eeuwig brandende lampen, een venijnige kras in het nachtelijke landschap”. Geert Mak spruts syn wurdearring út foar de wize werop dizze nije ‘tsjustere’ ferljochting ta stân kommen is. Mei ûnder oaren it “zachtjes kloppen op de poorten fan ProRail”, in hiel soad brieven, en “een daad van burgerlijke stoutheid”. Lânskipsbeskerming, in tsjustere nacht falt hjir ek ûnder. Geert Mak ropt Fryslân op om der wat oan te dwaan. Minsken en oerheden moatte hjir wurk fan meitsje, hooplik is it noch net te let om it Fryske lânskip te behâlden. Mak hat noch hoop: der is hjir in lytse positive feroaring oan de ljochtfersmoarging dien, en alles giet fansels mei lytse stapkes. Mak syn slotwurden wiene dan ek: “In Mantgum begint de victorie!” Op ‘e Skille jout yn it septimbernûmer ek in moaie beskriuwing fan de achtergrûn en fan de jûn dat de nije ferljochting fan it Mantgumer stasjon yn gebrûk nommen waard. Lys Scarse Mandeguod 23

26 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication