23

november 2022 23 De Folkpolitie Gesellich konsert fan De Folkpolitie yn de Mariatsjerke te Mantgum De Folkpolitie bestiet út broer en sus Bauke en Greetje (bekend fan û.o. ‘Alwer in Fries’), harren jongste suske Sien en freondinne Hinke. In protte Mantgumers kenne harren fan ferskate optredens foar Tusken Tsjerke en Kroech. Se spylje en sjonge mearstimmige, harmonieuze lietsjes mei gitaarbegelieding. Yn it Frysk en Nederlânsk, mar ek yn it Ingelsk (en in pear rigels Frânsk) Fan Beatles, Beach Boys en Carpenters oant Lady Gaga, Irolt en de Poppys. Snein 20 novimber trede se op yn de tsjerke fan Mantgum. Der is drok repeteard en dat hat aardige nije lieten opsmiten. It konsert begjint om 15.30 oere. De entreeprijs is € 6,­ de man/frou. Tige hertlik wolkom!

24 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication