54 Mandeguod Wat hinget der by jim oan de muorre? Dat wie de fraach. No, op it stuit in protte dat te meitsjen hat mei “druiwhout”. De lêste 20 jier ha we altyd yn Noarwegen en Sweden mei fakânsje west en ien fan de dingen dy’t wy dêr dogge is: driuwhout sykje. It is begûn mei it sykjen fan hout om in fjurke te stoken en dêr lei dan ek wol ris moai spul by. Driuwhout is te finen oan de kanten fan marren en fjorden en de lêste tiid ek oan de kant fan stuwmarren dy’t se no fol rinne litte om griene stroom op te wekken. Driuwhout is troch it wetter en de weagen ôfsliten en troch de sinne bleekt hout, it krijt dan hiele oare foarmen. De kolleksje mei lytse plankjes is troch de jierren by elkoar sparre, it binne allegear plankjes mei rustige spikers der yn. Der leit faak in protte hout mar net mei rustige spikers. Sa sykje we ek wol om in stikje hout foar in lampepoat of foar in skimerlampke. Ek ha we in pear fisken oan de muorre hingjen, dit hout is safier ôfsliten dat der fisken fan oerbleaun binne (fine wy). Fierder hinget dêr ek in skilderijke fan Geiranger, skildere troch Jeanne Olsen, dêr’t we sels in list fan driuwhout omhinne makke ha. It is net sa dat wy alle dagen by de kanten lâns strune, faaks lizze dêr grutte
55 Online Touch Home