november 2022 59 Tusken Tsjerke en Kroechlokaasje In dei as 10 foar’t Tusken Tsjerke en Kroech wêze soe, kaam Liuwe by ús binnenkuierjen mei de fraach oft wy wol ‘lokaasje’ wêze woene. Fansels wol! Dat sadwaande waard ús keamer op de jûn fan 8 oktober in lyts teaterke. “Moai dat der dan ek ien fan dy âlde huzen in lokaasje is”, fûn Liuwe. Dy jûns skode om de trije kertier in nije groep minsken achterinoar oan ús foardoar troch de keamer yn. Minsken dy’t je soms noch nea sjoen hiene. Dochs wol hiel bysûnder! ‘Picture Poems’ hiene wy yn de oanbieding. It sei de measte minsken neat, mar nei ôfrin fan de minifoarstelling wiene se dochs ‘aangenaam verrast’. Syds Wiersma fan Tresoar hie koarte filmkes dy’t it dekôr foarmen foar in gedicht dat yn de film foardroegen waard. Sa hearde ús publyk net allinne in gedicht fan bygelyks Gysbert Japiks en fan Ella Wassenaar, mar ek fan ús skoansoan Geart Tigchelaar. Sels binne we troch dizze drokte der net oan ta kommen om in ‘rûte’ te rinnen, mar we koene fansels om goed healwei 10 noch wol even de Wjukken yndûke! David en Lys Scarse
60 Online Touch Home