Foto: LC - Catrinus van der Veen Pleats Tsjeintgum 5 … Yn 'e Ljouwerter Krante fan tongersdei 18 juny 2015 seach ik de foto fan 'e pleats dêr't ik mei myn beide bruorren Jan en Wiebe hikke en tein bin. Tegearre mei ús mem Akke Dantuma-Bouma hat ús heit Tsjerk Jans Dantuma jierren op dy pleats buorke, oant der yn juny 1972 troch in tige slim bedriuwsûngemak in ein oan syn libben kaam en dêrtroch tagelyk in ein oan de tiid dat wy op de pleats wennen. Yn 'e 30er jierren fan 'e 20e ieu binne ús pake en beppe Jan Tsjerks Dantuma en Folkertje Dantuma-de Boer fan Eastrum nei Mantgum tein, nei de pleats op Tsjeintgum 5. Yn 'e tiid dat sy dêr kamen, moat de pleats gjin stjelp, mar in kop-hals-romppleats west hawwe. De pleats is doe ek yngreven ferboud, wêrby't net it bedriuwsgedielte, mar de huzinge ôfbrutsen waard. De huzinge waard doe wer opboud nei de styl fan dy tiid, de 'Amsterdamse Schoolstijl'. Foardat dit lykwols syn beslach krige, waard neffens oerlevering it foarste part fan it bedriuwsgedielte útwreide. In foto fan 'e pleats sa't dy der oant de tritiger jierren fan 'e 20e iuw útsjoen hawwe moat, fine jo by dit stikje. Ik winskje de famylje Kaastra noch in protte moaie jierren op de pleats Tsjeintgum 5. Sjoerdtje Dantuma 32 Mandeguod november 2015
35 Online Touch Home