waren er heel blij mee. De vrouw des huizes had de hele dag op ons gewacht. beetje ongemakkelijk. Maar het is wel heel fijn om te zien dat het cadeau zo gewaardeerd wordt. En voor de mensen thuis ook mooi om te zien waar alles terechtkomt. Freed 24 july De earste reis fan tongersdei gong nei in opfangtehûs foar âldere bern yn Nyírbátor. In part fan de bern hjir, is op dit moment yn Nederlân foar fakânsje. De oaren meitsje sa no en dan útstapkes of geane op kamp. Doe't wy wer op 'e nij laden hienen, binne we nei Nyíregyháza riden. It blijf van mijn lijf huis dêr't we altyd hinne geane, is ferhuze. Se sitte no yn in nij gebou. Wy hawwe in rûnlieding krigen, en it sjocht der prachtich út. Wol spitich dat de keamers ûnder noch net brûkt wurde kinne omdat it wetter hjir omheech komt. De klean binne hjir bot nedich. De froulju/famyljes dy't hjir wenje, komme faak mei neat oan. Se krije wol in soarte fan útkearing foar, mar ien fan de froulju krijt hielendal neat. Sy hat in bern krigen yn it bûtenlân, en it duorret hiel lang foardat de papieren regele binne. Oant dy tiid is se folslein ôfhinklik fan wat se krijt fan oaren. It binne tryste ferhalen! Nei it middeisiten yn Kisléta noch in rit makke nei Tiborszálas. Hjir hienen se ús mail wol krigen, mar dozen uitdelen met het Rode Kruis omdat dy yn it Dútsk wie, tochten se dat it spam wie. Oare kear mar yn it Hongaarsk besykje. Rûn fjouweren wer thús. Bliid ta, want it is noch altyd waarm! Freed mar ien rit op it programma. Nei it Reade Krús yn Nyíregyháza. Omdat we in hiel soad doazen foar harren hienen, beaen se oan om mei in buske te kommen. Om healwei njoggenen wie sawol de bus as de karre goed fol. Earst Julia ophelle en doe nei in opfanghûs foar froulju riden. In breiklup út Hurdegaryp hie in hiel soad truien, sjaals, mûtsen en sokken breide. Dy hawwe wy november 2015 Mandeguod 47
50 Online Touch Home