21

Nijs fan Harmonie Weidum Play inn Littenseradiel Begjin oktober wie der wer de Play inn Littenseradiel. Organisearre mei 5 muzykferienigings út de eardere gemeente Littenseradiel. De muzikale lieding wie yn hannen fan Joke Krist en Menno Haantjes. Der wiene sa ‘n 45 dielnimmers, ek fan bûten Fryslân en sels boargemaster Buma kaam noch even del! Stipe Rabobank Coöperatiefonds It Coöperatiefonds fan Rabobank Heerenveen-Zuidoost Friesland lange 10 oktober in weardesjek fan leafst € 7.500,- oer oan muzykferiening Harmonie Weidum e.o. Tidens de útrikking waarden 10 organisaasjes út it oanbelangjende wurkgebiet bliid makke mei in jefte fan it koöperaasjefûns. Under de lokkigen ek It Fryske Gea, mei in projekt oangeande it droppingsfjild by it Ketliker Skar, basisskoalle De Akkers fan it Hearrenfean, yn it kader fan in nij en attraktyf skoalleplein en muzykferiening Crescendo Makkingea dy’t de bydrage brûke sil foar harren 100 jierrich jubileum. Beitske Boersma en Marijke Dijkstra, beide jeugdlid by de Weidumer feriening, wiene mei nei de festiviteiten; mei tank oan de finansjele stipe fan Rabobank HeerenveenZuidoost Friesland spylje sy ynkoarten op nagelnije bugels. Want mei it troch Harmonie Weidum e.o. ûntfongen bedrach kinne ferskate nije ynstruminten oanskaft wurde, njonken 4 nije bugels giet it ek om nije slachwurkynstruminten. De muzykferiening stelt de belutsenens en de finansjele stipe fan Rabobank Heerenveen-Zuidoost Friesland bot op priis; mei dizze stipe wurdt der ynvestearre yn jongeren en dêrmei ek yn de muzikalens en artistikens fan Harmonie Weidum e.o. Mandeguod 19

22 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication