25

Doarpsmienskip Mantgum De ôfrûne wiken hat Mantgum goed yn 'e belangstelling stien fan it bestjoer fan ús gemeente. De nije boargemaster, de hear Buma, hat yn septimber al in slach troch it doarp makke, by de (ryks)monuminten del. Begjin oktober wie de hear Buma op toernee troch Nij Baarderadiel en kaam hy hjir al wer. Doe hat er him foarljochtsje litten oer in tal saken wer 't we hjir yn ús doarp mei dwaande binne. Sijbren van der Heide hat it ien en oar út de doeken dien oer Duorsum Mantgum, Jan Heida oer it plan fan it werynrjochtsjen om 'e Wjukken hinne. Dernei is der it ien en oar ferteld oer de nijbouplannen fan it CPO troch Tjepko Jansen. En ta beslút ha Siebolt en Aukje Dijkstra ferteld oer it doel en de aktiviteiten fan Mantgum Foar Inoar. En mei it Mantgumer pûdsje (fol mei ynformaasje oer Mantgum), it boekje "Notabele Woningen in Mantgum" fan Peter Karstkarel en in lekker Mantgumer preamke fan bakker Sybesma ha we ús boargemaster útswaaid. Noch net in wike letter, op 'de dag van de duurzaamheid' stie wethâlder Herwil van Gelder (duorsumens) moarns om healwei achten hjir yn it doarp. En mocht hy tegearre mei Anne Hettinga (direkteur Arriva), keunstneres Claudy Jongstra en arsjitekt Hans Achterbosch in keunstwurk ûntbleate. Dizze 'folly for diversity' is it begjin fan in fleurich, blomryk moetingsplak. It docht ús goed dat Mantgum by de gemeente Ljouwert en Arriva goed op de kaart stiet! Boargemaster Buma krijt it Mantgumer pûdsje út hannen fan Aukje en Siebolt Dijkstra. Mandeguod 23

26 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication