28

Earste ‘Kwis foar Kenia’ grut súkses Op 12 oktober waard troch de stifting ‘Doch Dyn Dream’ in pubquiz organisearre yn de Wjukken, mei as doel: in gesellige jûn foar it doarp en jild ynsammelje foar de bou fan harren skoalle yn Kenia. Yn febrewaris 2020 sil in groep fan 3 Mantgumers yn ’e mande mei 5 Easterwierrumers nei Kenia om te bouwen. De lokale befolking sil de fundearring lizze en de muorren bouwe en de Friezen sille it dak der opsette, is it doel. It wie in folle bak mei 155 dielnimmers ferdield oer 28 teams en it iene team wie noch fanatiker as it oare. De helte fan groep dy’t yn febrewaris bouwe sil yn Kenia, betsjinne de kwissers en de oare helte foarme de stringe sjuery. Under lieding fan quizmaster Skelte die bliken dat it in pittige kwis wie, mei fragen foar jong, âld, man en frou. Dêr’t it iene team heech skoarde op it ûnderdiel ‘skiednis’, wie it oare team wer hear en master by de ôfbyldingsronde. Nei de muzykronde ûnder lieding fan Sytse Haaima, waarden de winners bekend makke. ‘Henks Sterretjes’ wiene de slimsten fan ‘e jûn, mar ek nûmers twa oant en mei fiif giene mei in priis nei hûs. De Powerrangers besetten it lêste plakje, wêrmei’t sy in fergees yntreebewiis foar de Pubquiz yn Easterwierrum yn de wacht sleepten. De kwis yn Easterwierrum sil plak fine op 9 novimber en opjaan kin fia info@dochdyndream.nl Op www.dochdyndream.nl of Facebook fan Stichting Doch Dyn Dream / K’s foar Kenia kinne jo de foto’s en folsleine útslach fine. Ut namme fan Stifting Doch Dyn Dream, tank foar jimme komst en stipe, Wytske Vermeulen-Anema 26 Mandeguod

29 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication