Ferslach reis nei Hongarije Fan 12 o/m 20 septimber wiene wy yn Hongarije om de klean rûn te bringen. Nei in reis fan twa dagen kamen we tongersdeitemiddei oan yn Kisléta. It wie in grutte ferrassing foar ús dat wy dochs wer yn ‘ús hûs’ sliepe koene. Foarich jier wie der ynbrutsen en wie it in grutte binde. Se hiene ús skreaun dat wy der ek dit jier net yn koene (fanwegen it plysjeûndersyk), mar se hiene no dochs mar ris frege by de plysje oft se opromje mochten. Fansels wie der wol in protte stellen, dus moasten we earst nije pannen, bestek ensfh. oanskaffe. Freed hawwe wy dan ek in part fan de tiid trochbrocht mei winkeljen. Dêrneist moasten fansels de doazen sortearre wurde en moasten we in skema meitsje. Letter op de middei koene we de karre ophelje. Deselde karre as foarich jier, in hiele grutte sadat we foar twa tehuzen yn ien kear meinimme koene. It skeelt in stik as dat kin, dit jier moatte wy yn 5 dagen dochs wer 444 doazen rûnbringe. Fanwegen de privacywetjouwing meie wy sels gjin foto’s mear meitsje fan de bewenners fan de tehuzen dêr’t wy komme. Dat is spitich, want soms seit ien foto mear as tûzen wurden. Dêrom hjir mar in oersjoch fan de tehuzen dêr’t wy west hawwe en it nijs dat we dêr hearden: Nyírbátor (tehûs foar bern dy’t net thús wenje kinne) De meiwurkers joegen oan dat se hieltyd swierdere gefallen binnen krije. As Mandeguod 45
48 Online Touch Home