bern yn in pleechgezin sitte en it wurdt dêr te lestich dan geane se (werom) nei dit tehûs. Der binne in soad bern mei swiere psychyske problemen. Terapy wurdt hast net jûn. De meiwurkers hawwe ek gjin spesjale oplieding folge en kinne dus net mear dwaan as der foar de bern wêze en hoopje dat it goed giet (dat wol sizze dat se net op strjitte bedarje mei alle problemen dy’t dêrby hearre). Fierder is it meubilêr yn de húskeamers âld en fersliten en is der gjin jild foar nij guod. Nyírbéltek (tehûs foar âldere psychiatryske pasjinten) Alle kearen as wy hjir troch it tehûs rinne, skrikke wy fan de âlde en ferfallen keamers dêr’t minsken mei har fjouweren of seizen yn wenje moatte. Guon bewenners wurkje noch wat yn de tún of binne oan it skjinmeitsjen, mar fierder wurdt der net in soad dien oan deibesteging. De measte minsken krije medikaasje, want ek hjir gjin jild foar terapy. Fan de staat krije se wat bûsjild. In soad is dat net, se binne dan ek altyd o sa bliid mei de klean dy’t wy bringe. De meiwurkers dy’t ús hjir rûnliede soene hiel graach in kear yn Nederlân sjen wolle. Wa wit kinne wy noch ris in útwikseling organisearje. Wy hawwe noch in skoftke mei in frou praat dy’t Dútsk studearre hie, mar no troch psychyske problemen hjir wenje moat. Se fûn it moai om wer even dy taal prate te kinnen. Tiborszálas (bejaardetehûs) Dit tehûs is sûnt dit jier net mear eigendom fan de staat, mar wurdt no oanstjoerd troch de reformatyske tsjerke. It personiel fertelt dat der op it finansjele flak net safolle feroare is. Se fine wol dat se frijer binne yn hoe’t se de saken oanpakke. Op dit stuit binne se dwaande mei it isolearjen fan de gebouwen en hawwe se it oer sinnepanelen. Wy sjogge dit by mear tehuzen, blykber wurdt dêr subsydzje foar jûn. Mérk (bejaardetehûs + opfang psychiatryske pasjinten) Dit jier net in soad bekenden op de haadlokaasjes. Alle minsken dêr’t wy yn foargeande jierren goede kontakten mei hiene, wurkje no op de oare lokaasjes of yn oare tehuzen. Oare jier sil Júlia wer mei ús mei, sy praat Nederlânsk, sadat wy ek wer sjen kinne op de oare lokaasjes. Nábrád (dei-opfang gehandikapte bern) Omdat de meiwurkers klean útdiele oan de earme gesinnen yn de regio kinne hjir wol 50 doazen hinne. Twaddehâns klean foar alle leeftiden, nije breiden klean, in babybedsje en in widze. Se binne der tige wiis mei. It ôfrûne jier hawwe se hjir it dak en de goaten fernijd. Gönc (tehûs foar bern dy’t net thús wenje kinne) It túnark dat wy foarich jier brocht hawwe, wurdt goed brûkt. In oantal bern hawwe yn de fakânsje by in gastgezin yn Nederlân west. De learares Ingelsk hat foarich jier in oare baan krigen. Foar har yn it plak is in man kommen. Hiel goed foar de jonges dy’t wol wat gesach brûke kinne. Mandeguod 47
50 Online Touch Home