Nyíregyháza (blijf van mijn lijf huis) It falt ús op dat se hjir altyd dwaande binne mei nije projekten. Se meitsje mei de froulju dy’t hjir ferbliuwe prachtige produkten op de naaimasine. Sûnt koart is der in crèche op it terrein dêr’t op de bern past wurdt sadat de froulju wurkje kinne en dêr’t ek bern út ‘gewoane’ húshâldingen komme. De meiwurkster dy’t ús rûnliedt hat sels in jonkje dat autistysk is. It is dreech om de goede help te krijen foar sokke bern. Terapeuten binne der hast net of se binne te djoer foar in Hongaar dy’t modaal fertsjinnet. Tafallich is der yn Nyíregyháza wol in spesjale skoalle, mar de leararen wikselje faak en dat is fansels net goed foar sokke bern. Berettyoújfalu (tehûs foar bern dy’t net thús wenje kinne) Op dit stuit ferbliuwe der yn dit tehûs 95 bern mei faak ek swiere psychyske problemen. We prate mei twa psychologen dy’t hjir wurkje. Sy hawwe har hannen fol, tiid om echt goed terapy te jaan is der net en mar al te faak wurdt de oplossing socht yn medikaasje. Se binne bliid mei ús help en de sportklean dy’t wy út Boalsert krigen hawwe, komme hjir goed fan pas. Nyíregyháza (Reade Krús) Dizze kear krijt it Reade Krús in soad húshâldtekstyl en klean foar âlderen fan ús. In soad klean wurde útdield oan de dakleazen. Fierder binne se aktyf yn de flechtlingekampen. As we it goed begrepen hawwe, hâlde se har net altyd strikt oan de regeltsjes fan de regearing. Gelokkich mar! Op it kantoar hawwe se nij meubilêr krigen, dat wie ek wol oan ferfanging ta. Kisléta (tehûs foar gehandikapte bern) De bern fan dit tehûs binne altyd bliid om ús wer te sjen. Soms kin ik hast net fuortkomme omdat der wol 10 bern oankrûpe wolle en wat fertelle wolle. It is altyd in feest om even oer de ôfdielingen te rinnen, mar tagelyk ek faak wer even slokken. Safolle bern dy’t de hiele dei allinne mar op bêd lizze en eins noait besite krije. Guon fan de bettere bern hawwe wer geweldich holpen mei it ynladen fan de karre. Yn Kisléta litte wy hast 50 doazen achter mei klean foar alle leeftiden, mei útsûndering fan de 50+. Faak sjogge wy in oare jier dat se de klean út Nederlân oan hawwe. Freedtemiddei koene wy de karre wer ynleverje en rjochting hûs. In wurd fan tank oan alle minsken dy’t klean brocht hawwe en oan alle minsken dy’t it hiele jier wer klean sortearre hawwe, spekulaas ferkocht hawwe en de frachtauto ynladen hawwe. Jelle en Renske van der Meer Spekulaasaksje Om it ferfier fan de doazen nei Hongarije te bekostigen komme wy yn de wiken 46, 47 en 48 wer by de doarren del om spekulaas en smulkoek te ferkeapjen. Mandeguod 49
52 Online Touch Home