59

Lyts kolleezje yn ‘e iglo Doe’t ik it boerehiem opried, seach ik de beide bruorkes strie tôgjen nei de kealle-iglo. Dêr sil it ‘slachtoffer’ dan ek wol lizze, tocht ik. Ik hie hoedsum riden en hold foarsichtich ho om’t ik de ynfuzen op it byridersplak stean hie yn in amer dampend wetter om se alfêst op lichemstemperatuer te krijen. Ik hâld net sa fan griemerij yn myn praktykwein; bûtendoar wie it oars al wiet genôch troch in oanhâldende storein. Bepaald net oanloklik foar de aksje der’t ik foar kaam, ’k Hie it kealtsje leaver yn de skuorre hân... Ate en syn broer kamen op my ta wylst ik myn ark byinoar socht. Ik smiet in slang en in skjirre by it ynfús yn de amer waarm wetter en in nudletsje stuts ik, yn it hâlderke, tusken myn kiezzen. Sa doch ik dat meastentiids, krektlyk as in smoker. Myn toskedokter riedt my soks ôf, mar it is wakker noflik as jo hannen tekoart komme. Ate drobbele foar my út nei de iglo: “Sjoch, it is al hast dea...” “Kinsto my helpe?” Jawis, en de lytse man dûkte troch it gat nei binnen ta; ik folge him en siigde op myn wrakke knibbels yn it strie njonken it sike kealtsje mei in smoarge kont fan skiterij. It earme bist lei útdrûge en fersuorre, heal yn koma noch súntsjes te sykheljen. In ynfús is de iennichste remeedzje yn soksoarte fan gefallen. Ik knipte it hier yn de hals fuort om de ier sjen te kinnen en ynstruearre Ate de kop fan it keal stabyl te hâlden. Mei syn trijen wie it aaifol en suver smûk yn de wite koepel, wylst it reinwetter súntsjes op it dak klettere. Wy misten noch immen om de flesse heech te hâlden en Ate syn bruorke wie yntusken wat oars oan’t dwaan. Lokkich kaam Heit krekt Mandeguod 57

60 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication