61

om ‘e hoeke: “Jimme binne al drok dwaande!” “Ha goeie, jawis.” Ik keppele de slang oan de ynfúsflesse en joech dy oan de boer, stuts de nudle yn de ier fan it kealtsje en ferbûn it spul oan elkoar. It rûn fuortendaliks as in tierelier. Soks docht my dan deugd! No moasten wy geduld hawwe, al gau in tweintich minuten ear’t in liter floeistof yn it keal sit. Tiid om in pypfol te praten. “Wolsto ek boer wurde?", frege ik oan Ate. No nee, leaver bistedokter. “Just! Kinsto in bytsje leare?” No, dat foel net ta want Ate is dyslektysk, sa sei er tsjin my. Lêstich, sa wit ik út ûnderfining mei myn eigen soannen. “Haw mar gjin noed”, sa besocht ik, “asto it wier wolst, moast gewoan ferskuorrend dyn bêst dwaan.” Underwylst stie de boer yn de rein de flesse fêst te hâlden njonken dy iglo. Hy sei dêr gjin hinder fan te ûnderfinen om’t it foar it goeie doel wie. Mar hy hie bûtendoar ek net yn ‘e rekken hokker praat wy hiene. “Hasto de fee-arts al ferteld watsto wurde wolst?” No, dêr hiene wy it al oer hân. Myn stive skonken moast ik efkes ferskikke om’t ik murk dat de knibbels wiet waarden. Wy leine wol yn skjin strie, mar de ûnderlaach wie sodzich troch de skiterij. Dit binne altyd och sokke lekkere, frisse putsjes... Net dus! De flesse rekke hieltyd fierder leech en no waard it tiid foar in twadden ien. Dizze earste is frâl om it tekoart oan focht oan te foljen, dy twadde is mear tsjin de fersuorring. Ik joech Ate ynstruksjes om no net allinne it kopke goed fêst te hâlden, mar ek de nudle en de slang. Sels gûchele ik dy folgjende flesse oan de oare ein fan myn flutter. Dat stekt nau om’t d’r gjin luchtbel yn komme mei. Ek dizze flesse begûn mei faasje leech te brobbeljen en ik joech him de boer wer oer. Doe wie d’r tiid om Ate in lyts kolleezje te jaan hoe’t it kin dat in keal it iene momint sels noch út de amer stiet te sûpen en in oerke letter foar pampus lizze kin troch slimme skiterij. Hokker lytsebeesjeboel yn de terms húsmannet dy’t wy net mei it bleate each sjen kinne en dêr debet oan wêze kin. En wat jo dwaan kinne om soks foar te kommen. Fansels lústere Ate mei in protte nocht en hy knikte begryplik mei syn heldere kikers. Ek de eagen fan it keal begûnen te kniperjen. De twadde flesse rûn op syn ein en meastentiids komt sa’n kealtsje troch de bikarbonaat dy’t dêryn sit ynienen folle mear wer by sûpe en stút. Dat wie in goed teken! Ik keppele de slang los, joech it keal noch twa spuitjes medisinen troch de nudle yn it bloed en treau dy doe wer yn de hâlder dy’t ik noch hyltiten tusken myn kiezzen sitten hie. Tegearre stuollen wy it slachtoffer yn sithâlding yn it strie omheech en it keal begûn daliks wakker helderder om him hinne te koekeloeren. Dat like d’r op! Ik bespruts de neisoarch mei de boer en liet noch wat guod achter. Doe’t alles wer yn de auto siet, stie de hiele húshâlding achter op it hiem my tankber út te swaaien. Myn lêste boadskip foar’t ik ynstapte: ‘En do wist it, Ate, goed dyn bêst dwaan op skoalle, jonge!’ Hy knikte oertsjûgjend. menno@bistedokter.nl Mandeguod 59

62 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication