Gielguorde krijt earste rymposter Yn it ramt fan de Berneboekewike 2019 ha de bern fan groep 8 fan i.b.s. De Gielguorde yn Mantgum op tiisdei 1 oktober besite op skoalle hân. Dichter Arjan Hut en tekenares Yke Reeder kamen op skoalle om de bern it earste eksimplaar fan de nijste Rymposter oan te bieden, dy't sy tegearre makke hawwe oer it tema 'Giest mei op reis?' De twatalige poster is in inisjatyf fan Stichting It Frykske Berneboek en wurdt dit jier foar de tredde kear tastjoerd oan alle Fryske basisskoallen. Op de iene side stiet it gedicht yn it Frysk, op de oare side itselde gedicht, mar dan yn it Nederlânsk. Mandeguod 5
8 Online Touch Home