13

Dêr, yn Liverpool kaam Herman der doe achter dat je oan de universiteit foar in jier in master yn klassike talen behelje koene. In âlde winsk fan mear as 50 jier lyn koe hy doe realisearje. Nei de middelbere skoalle woe hy nammentlik oan de iene kant miskien bêst klassike talen studearje, mar ja, wat kinne je dermei? Boppedat hied er as skoaljonge it lêste skoaljier in soad tiid oan wiskunde besteegje moatten, en dêrtroch wiene syn sifers foar de âlde talen mar wat suterich. Dat sa rûgele hy in oare kant út en keas foar de stúdzje rjochten. “Een studie die mij ook zeer boeide, en het trok me aan dat je als rechter eigenlijk heel praktisch werkt. Zo zie je maar dat het leven niet alleen maar uit bewuste keuzes bestaat, want toen ik aan de studie begon had ik nog niet veel idee van recht.” Herman hat jierren lang fice-presidint west fan de gerjochtshoven yn Amsterdam en Ljouwert, en is krap 35 jier lyn promovearre ta doctor yn de rjochtsgeleardheid oan de Universiteit van Amsterdam. Ek hat hy in jiermannich bysûnder heechlearaar west yn de fakulteit rjochtsgeleardheid fan de Erasmus Universiteit yn Rotterdam. De juridyske kanten fan it libben ha him syn libben lang yn de besnijing holden. Dochs bleaun it him altyd wol wat dwers sitten dat er nea wat mei syn ynteresse foar klassike talen dien hie. Doe’t hy in jier as 10 lyn lykwols yn dieltiid foarsitter fan it Medisch Tuchtcollege yn Grins wie, pakte hy de stúdzje Italjaansk op, en fansels – dan komst wèr mei Latyn yn oanrekking. En sa begûn yn Liverpool it baltsje te rôljen en bedarre Herman yn 2014 yn in flatsje op de universiteitscampus yn Liverpool. In behindich ûnderkommen, mar in daaldersk plakje: koest de Anglikaanske katedraal fan Liverpool sjen èn koest de heuvels van Wales lizzen sjen. Omt der foar de stúdzje âlde talen – Latyn yn Herman syn gefal – faak net folle animo is, hie hy bytiden privee-kolleezje. Fan in alderaardichste heechlearaar. Punt wie wol, laket Herman: ast eins mar allinne yn de les sitst moatst altyd alert wêze en de lessen taret ha, dat bytiden siet er moarns om 5 oere al te wurkjen foar it kolleezje. MANDEGUOD 11

14 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication