15

Nei’t er syn master helle hie, is Herman wer in jier werom kommen, om in jier lang syn âlde metier as rjochter wer op te pakken. Tagelyk hat er dat jier spikers mei koppen slein en in plan makke foar in ûndersyk en ‘sollisitearre’ foar in plakje oan Oxford University. Ta syn ferwûndering waard hy sûnder mear oannommen, en sa ferfear hy op ‘e nij nei Ingelân, nei Oxford dizze kear. Dy universiteit datearret fan it ein fan de 11de iuw en is opboud út ‘colleges’. In studint of in dosint is net allinne mar ‘member’ fan de universiteit, mar ek libbenslang lid fan ien fan dy ‘colleges’. Dizze ‘colleges’ binne frij selsstannich en ha bygelyks eigen statuten. Herman heart by it ‘Magdalen College’, ien fan de grutste en moaiste ‘colleges’ fan Oxford, mei in ûnbidich grûngebiet midden yn de stêd, in eigen hertekamp en in ymposante toer. It ‘Magdalen College’ waard stichte yn 1458 – en sa’t it dêr yn 1458 om en ta gong, sa giet it dêr no noch om en ta. Herman waard yndield by de ‘graduate students’ (de measten uteraard gâns jonger as hysels), en je heare by de ‘Middle Common Room’ – net by de ‘Senior Common Room’, dêr ha allinne de dosinten in sit yn. En dan realisearrest dy dat yn Oxford de ôfstân tusken studinten en professoaren ûnfoarstelber grut is. In grut ferskil mei dat jier oan de universiteit yn Liverpool… Oxford University hat – mei de Universiteit fan Cambridge – de namme dat it elite-universiteiten binne, dat hja boppedat harren studinten selektearje. Oan de iene kant liedt dat ta in bytsje útfallers, mar oan de oare kant knaget it ek: der wurde faak studinten fan de privee-skoallen selektearre omdat dy harren learlingen better tariede kinne op de seleksje. En wat, fregest dy dan ôf, bart der mei al dy oare oankommende studinten? Der binne wol mooglikheden foar studinten om in beurs te krijen, en it besef liket wol wat op te buorreljen om gelikense kânsen te kreëarjen - mar foar’t it safier is… “Dan merk je ook dat bij de Britten het klassenverschil nog altijd aanwezig is. Ik ben een Anglofiel natuurlijk, en dit gaf me een prachtige inkijk in het leven daar, maar ook in de schaduwkanten ervan.” Wat syn ferbliuw yn Oxford benammen oerskade wie fansels de Brexit-diskusje. “Tragisch ook”, ferfettet Herman, “Oxford stemde tégen de Brexit. Hoe dat zal uitpakken…. Want een stad als Oxford moet het juist van de internationale studenten hebben.” Herman en ik fernuverje ús beide efkes oer bepaalde Britske tradysjes; it parlemint wurket eins noch 17de iuws mei syn yn ús eagen ûnfatsoenlike gewoanMANDEGUOD 13

16 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication