17

ten om dwars troch inoar hinne te praten, en it lûde ‘boe’-geraas as eat jin net oanstiet. Mei oan de oare kant de romrofte Britske hoffelikheid… Sels moast ik efkes weromtinke oan it Asterix-stripboek fan ‘Asterix en de Britten’ dêr’t wy om ien as oare reden in Frânske edysje fan hiene. ‘Ils sont fous ces Bretons’ wie doedestiids ús striidkreet dan ek – mar wat langer ast nei it lân oarekant Noardsee sjochst, wat langer as it wier liket... Hoe dan ek, Herman hat syn proefskrift skreaun oer Petrarca, in Italjaansk dichter en filosoof út de 14de iuw dy’t ek klassike talen en rjochten studearre. Hy waard letter beskôge as de grûnlizzer fan it humanisme. Petrarca skreaun brieven oan ûnder oaren Cicero, dy’t gâns wat iuwen earder libbe: fan 106 foar ús jiertelling oant er yn 43 foar ús jiertelling fermoarde waard. Petrarca ferge Cicero der op werom’t hy him as filosoof net by de filosofy hold, yn stee fan him te bemuoien mei de polityk. Want troch dy polityk kaam Cicero ek oan syn ein. Letter skreaun Petrarca in wat mear fersoenjende brief oan Cicero. De ôfrûning fan Herman’s proefskrift, syn promoasje, wie fanwege de koroana tige sober. Boppedat: moatte je hjir yn Nederlân je proefskrift ferdigenje yn it iepenbier, yn Ingelân skriuwe de professoaren der in rapport oer, nei in besletten eksamen fan inkele oeren (yn Herman’s gefal fia Zoom), en dat is it. It is wol sa dat der dan in stik as acht minsken nei dyn wurk sjoen ha, en dat is ûngefear gelyk oan sa’t it hjir yn Nederlân giet. Spitigernôch gie de ôfsluting, de promoasje mei it útrikken fan de bul, dit jier fanwegen de koroana net troch. Oars sa’n deftige tradysje mei toga’s en wite strikken foar. Dat miste Herman wol. Sa’n ritueel mei alle poeha dy’t der by heart as ôfsluting fan 4 jier stúdzje hied er graach meimeitsje wold. De bul kaam no gewoan mei de post… Lys Scarse MANDEGUOD 15

18 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication