41

Doarpsmienskip Mantgum Algemiene Ledegearkomst It like hjir yn ús lân wat de goeie kant út te gean. It firus wie net fuort, mar we koene wer wat mear. We hiene sels de moed wer in ledegearkomste út te skriuwen. 1 Oktober soe it wêze. Mar krekt foardat it safier wie, skeaten de besmettingssifers omheech. En in pear dagen foar de plande datum kamen der nije maatregels. En wylst dit stik skreaun wurdt sipelje hieltyd mear nije oan te kundigjen maatregels troch. We binne der noch net klear mei. En sa lang as der gjin faksin is of it firus net ferdwynt, moatte we der mei syn allen in wei yn fine. In gewoane ledegearkomst liket der foarearst net yn te sitten. Miskien dat in online-gearkomst in oplossing wêze kin. En ûnder gewoane omstannichheden wie alles ‘gewoan’ troch gien. Ek de gearstalling fan it bestjoer. Dit jier ha we ôfskie naam fan Wilant Steenhoek as bestjoerslid. En nei alle oproppen troch de jierren hinne, ha we skitterend nijs: der binne 3 froulju dy ’t harren tiid en enerzjy foar ús doarp ynsette wolle! Yn de ledegearkomst soene we as bestjoer dizze kandidaten oan jim foarstelle. Yn april soene we Bert van der Weide foarstelle, op 1 oktober soene de dames Maaike Kuipers, Ydwine Willemsma en Annemarie Meetsma der by komme. En omt we noch gjin ledegearkomst hâlde kinne, ha we ôfpraat dat de kandidaten foarearst it bestjoer gewoan helpe. As it net kin sa as it moat, dan moat it mar sa it kin. Merke Dit jier gjin merke. Dochs hat ús doarp sjen litten wat der wol koe! Earst al in skitterende Midsimmermiddei en -jûn. En yn septimber in echte kermis foar de bern en jongelju. Kompliminten foar alle organisatoaren! Fuotbalgoals Fan ‘t simmer binne der twa goals op it sportfjild efter de Wjukken kaam. Dy wurde goed brûkt troch de jongerein. De goals binne ferrydber sa dat se nei it brûken wer fan it fjild helle wurde kinne. En lokkich giet dat meastentiids goed, in inkelde kear bliuwe se op it fjild stean. De ôfspraak mei BV Sport, de eigener fan it fjild, is dat se nei gebrûk fan it gers helle wurde, sadat it gers meand wurde kin. Jongelju, heiten en memmen fan de jonge fuotballerkes (m/f) litte we lang wille fan de goals ha: brûk se sa faak as mooglik, en romje se MANDEGUOD 39

42 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication