45

Hûnepoep Even in berjochtsje fan de Swannedrift. Op it plantsoentsje foar ús hûs hawwe wy op it stuit in hûnepoepprobleem. Dat wol sizze dat wy alle wiken sa'n seis oant acht drollen opromje moatte, oars kinne de bern fan de buert net op it algemiene/ mienskiplike gersfjild boartsje/ fuotbalje. Mei myn buorman fan nûmer 14 haw ik ek alris in oprom-aksje hâlden en mear as tsien opromme. Hy tinkt der ek om, syn hûn is it net, mar wy kinne de dieder yn kwestje noch net trappearje. It sil wol nachts yn it tsjuster barre wierskynlik? Afijn, wannear’t it bart is net sa wichtich: it soe hiel moai wêze as de hûnebesitter yn kwestje in skeppe as pûde meinimt om de drollen fan syn/har hûn op te romjen. Foar de leafhawwers: Ik haw de redaksje fan de Mandeguod foto's stjoerd fan de acht ‘uitwerpselen’ dy't wy hjoed fûn en opromme hawwe, miskien herkent ien de drol fan syn/har hûn, want der sitte al in pear mei deselde kleur/struktuer by. * Groetnis en hoopjende op in drollefrij boartersgersfjild foar de bern fan de Swannedrift en foar de âlders dy't de stront út harren klean sjen moatte te krijen, Johan Vogelzang Swannedrift 12 * Noat fan de redaksje: Omdat kleurefoto’s faak te djoer binne foar de Mandeguod hawwe wy dizze foto’s net allegear opnommen yn dit nûmer – yn swart-wyt soene de foto’s net útkomme. Mar foar wa’t dochs nijsgjirrich is: in mailtsje nei Mandeguod en jo krije de foto’s yn geuren en kleuren tastjoerd. MANDEGUOD 43

46 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication