9

Nierstichting 2020 Der is in tiid fan kommen, en der is in tiid fan gean. Dêrom ha ik it beslút nommen, om nei 40 jier te kollektearjen, wêrfan 30 jier ek as kontaktpersoan, der mei op te hâlden. Dit jier hiene wy € 576,98 yn de bussen en noch € 24,- oan tikkys, dus totaal € 700,98. Foar dit prachtige bedrach bin ik de Mantgumers en myn kollektanten tige tankber. No soe ik hiel graach de kollekte achter litte wolle mei in nije koördinator, mar dy ha ik noch net fûn! Hjirby doch ik in berop op jimme, Mantgumers. Soe ien fan jimme, man as frou, dit fan my oernimme wolle? In pear wike wurk, foar minsken dy’t soms in grut diel fan har libben dialisearje moatte, en mar wachtsje op in nije as in keunstnier! Wat soe ik dan bliid wêze! Foar 2021 moat der ek noch in nije kollektant komme foar de Gibbeflecht en ien foar de Master Jansenstrjitte en de Fearhûshoeke. Hoopjend dat jimme my net yn ’e steek litte, wol ik jimme allegearre nochris tankje foar it fertrouwen! Groetnis, Jitske Agema-Bijlsma It Soal 4, 9022 BZ Mantgum tillefoan: 058-2501433 Gjin spekulaasaksje dit jier Omdat it tal besmettingen mei koroana noch hieltyd tanimt hawwe wy it beslút nommen dat de spekulaasaksje dit jier net trochgean kin. Fanwegen it firus hawwe wy dit jier ek net nei Hongarije west om klean rûn te bringen. It wie lang ûnwis oft wy ôfreizgje koene en woene en yntusken hat Hongarije de grinzen opnij op ’t slot setten. Wy geane derfan út dat wy yn it foarjier of simmer fan 2021 wer hinne kinne. Oant dy tiid hawwe wy earst ekstra opslachromte regele foar de klean. Hoewol’t wy dit jier net mei koekjes foarbykomme kinne, soene wy wol tige wiis wêze mei in bydrage. In bydrage kin oermakke wurde op: NL53RABO0341759783 Ut namme fan it Tsjinsthûs Jelle en Renske van der Meer MANDEGUOD 7

10 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication