december 2022 11 “Kuierrûtes”- Rûtes dy’t Romke Toering tusken 2016 en 2019 kuiere mei it opgean fan de sinne yn in lyts oardel oere yn en om Mantgum hinne. Kanaän Goed seis oere. Kipet de sinne oer de râne En ropt de moarntiid. It fjild wurdt wekker. It gers spat omheech as hie ’t him fersliept. Nijlânsgrien yn gradaasjes. Meand en befretten. Hynste-, barge- en bûterblommen teare de bermen iepen. De swan seit de skries goemoarn. In ko balt har kameraadskes byelkoar, Keutelt de keppel aanst op hûs oan. Ljippen en roeken hawwe spul. In iensume fytser komt by de nachtlike fûken wei. It boatsje yn ‘e Swette koest noch. Yn ‘e fierte skowe bus en trein as boartersguod troch it gea. Twa sprinters sizze elkoar goendei op it lytse stasjon. Bijlstra en Vasalis litte de lju yn en út stappe. Grutske overalls bemolken de noardlike greidhoeke Mar op in stuit stapten de stâlen boksen As oaljefanten yn ‘e hoarizon. Nóch draaie dêr gjin hege wyn-wiken yn dit lân. Wylst de Amerikaan even lins hâldt. Twa tellen letter flokt en fûtert de N-safolle de moarntiid stikken. As er mei motors beflein en beriden wurdt, Giet de kuier op hûs oan. Stilleven is wer yn beweging.
12 Online Touch Home