3

december 2022 3 Desimber – it ein fan it jier al wer. In jier dat in soad minsken harren oars foarsteld hiene. In jier mei in oarloch dy’t kwa kilometers dan wol reedlik fier fan ús ôf leit, mar dy’t ús allegear rekket. Ek hjir yn Mantgum. In part fan in pear Oekraynske famyljes hat yn Mantgum lokkich in feilich ûnderkommen fûn – in tydlik ûnderkommen, hoopje se, want se wolle graach sa gau mooglik wer nei harren eigen hûs en lân. En in protte minsken hoopje mei harren mei dat de wrâld der sa gau mooglik wer better hinne leit as no it gefal is. Desimber is ek faak de tiid om werom te sjen op it ôfrûne jier en op ferfleine tiden. Liuwe hat in oangripend ferhaal skreaun oer hoe’t it libben bytiden ferskuord wurdt troch fertriet om it ferlies fan in neiste, in bern, in suske of in broerke. Dochs komme de goede en moaie oantinkens fan doe wer nei boppen by it sjen fan eat dat je oan him of har tinken docht. In ferhaal oer hoe’t it weromsjen op foarbije tiden je dochs goed docht. In soad minsken hawwe Romke noch op harren netflues stean sa’t hy jierrenlang moarns betiid yn ‘e omkriten fan Mantgum kuiere – dizze kuiers joegen him faak ynspiraasje foar syn skriuwen. Net allinne toanielstikken hat Romke skreaun, hy hat ek foar it boek “Doarpsmienskip Mantgum 1960-2010” de ferhalen skreaun oer de ‘markante Mantgumers’. Prachtige, respektfolle, leafdefolle en humoristyske stikjes oer de bytiden dochs wol ‘aparte’ Mantgumers. Romke hat ús no ien fan syn kuierrûtes taskood, in ympresje fan hoe’t it gea der hjir moarns betiid hinne leit. Mar sjochst Romke de lêste tiid net mear syn lange kuiertochten rinnen: hy is o sa siik. Foar him hat it libben dit jier in wrede kear nommen. Sa hat in jier fertrietlike en emosjonele kanten, je ha it spitigernôch net foar it sizzen. Miskien jout it jin dêrom in bytsje stipe dat je witte dat de minsken yn dit doarp der faak dochs foar inoar binne. Je witte fan inoar wat harren soargen en ek wat harren blide mominten binne. Soks docht dy faak goed en jout dy wer moed foar de takomst. Lys Scarse Prakkesaasjes fan de redaksje

4 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication