41

december 2022 41 Nei de ferhuzing nei de Skuorrereed hienen we in hiel moaie lange muorre om wat op te hingjen. Dizze kear ha we keazen foar in fotokollaazje. Dêr foar binne we op ‘e strún gongen nei fotolistkes yn alderhanne kringloopwinkels hjir yn Fryslân. Yn ien fan dy fotolistkes siet in foto fan de Klaagmuur yn Jeruzalem. It gong ús net om dy foto mar om it listke, dus wy helje dy foto derút en ta ús grutte ferrassing bliek der in tekening fan de tsjerke fan Mantgum efter te sitten. Dus de tsjerke fan Mantgum hinget no by ús oan de muorre mei allegearre oare leuke foto’s dy’t in part fan ús libben sjen litte. Ta eintsjebeslút ha wy oan de wand ek noch twa lytse wurken dy’t we krigen fan ús freon Rudi Stuve. By inkelen fan jim is Rudi wol bekend omdat er yn Mantgum skilderles jout op woansdeitemiddei. Roelie Rozenberg & Rinse Westerdijk Wy jouwe it stokje troch oan Hanneke Hempenius en Jan Heida

42 Online Touch Home


You need flash player to view this online publication